De Korsikaanske wylde kat is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae) en it skaai fan 'e wylde katten (Felis). Dit bist komt foar op it bestjoerlik ta Frankryk hearrende eilân Korsika yn it Westlik Bekken fan 'e Middellânske See. It is in kateftige fan ûnwisse taksonomyske status, dy't yn it ferline oansjoen waard foar in selsstannige soarte, ûnder de wittenskiplike namme Felis reyi. Tsjintwurdich wurdt de Korsikaanske wylde kat troch soölogen wol holden foar in ûndersoarte (Felis lybica reyi) fan 'e Afrikaanske wylde kat (Felis lybica), mar dit bist wurdt ek wol beskôge as in geografysk isolearre populaasje ferwyldere hûskatten (Felis catus).
Taksonomy De Korsikaanske wylde kat waard foar it earst yn 1929 wittenskiplik beskreaun troch de Frânske soölooch Louis Lavauden. Dyselde beskôge it bist as in selsstannige soarte, dy't nau besibbe wie oan sawol de Jeropeeske wylde kat (Felis silvestris) as de Afrikaanske wylde kat (Felis lybica). Hy joech de Korsikaanske wylde kat de wittenskiplike namme Felis reyi, en ferneamde it bist dêrmei nei M. Rey-Jouvin, dy't yn it Wâld fan Aunes de pels en de plasse sammele hie fan it spesimen dêr't Lavauden syn beskriuwing op basearre. Lettere ûndersikers woene hawwe, it wie gjin selsstannige soarte, mar in ûndersoarte fan 'e Afrikaanske wylde kat (Felis lybica) mei de wittenskiplike namme Felis lybica reyi.
Yn 1951 beseach de Ingelske taksonoom Reginald Innes Pocock alle spesimina fan kateftigen út 'e kolleksje fan it Britsk Museum en it Natoerhistoarysk Museum Londen op 'e nij. Dêrta hearden gjin spesimina fan 'e Korsikaanske wylde kat, dat foar dat bist moast er him ferlitte op 'e beskriuwing fan Lavauden. Mei it foarbehâld dat er by it ûndersykjen fan in eigentlik spesimen mooglik ta in oare konklúzje komme soe, wie Pocock fan miening dat de Korsikaanske wylde kat nei alle gedachten taksonomysk synonym wie mei de Sardynske wylde kat (Felis lybica sarda) fan Sardynje.
Neffens it soö-argeologysk ûndersyk dat Jean-Denis Vigne yn 1992 op Korsika en Sardynje ferrjochte, soe de Korsikaanske wylde kat lykwols in geografysk isolearre populaasje ferwyldere hûskatten (Felis catus) wêze, dy't yn 'e Romeinske Tiid, yn 'e earste helte fan it earste milennium, op it eilân ynfierd wêze soe. De útkomsten fan dat ûndersyk rekken meitiid algemien akseptearre, en yn 2017 waard de Korsikaanske wylde kat langer net mear beskôge as in jildige soarte of ûndersoarte troch de op dat mêd gesachhawwende Taakgroep oangeande Kateftigen fan 'e Ynternasjonale Uny foar Beskerming fan 'e Natoer (IUCN).
Yn 2019 waard lykwols troch ferskate media (wêrûnder it parseburo AFP, it tydskrift Live Science en it tillefyzjenetwurk CNN) gewach makke fan 'e ûntdekking fan 'e Korsikaanske wylde kat as in oant doe ta ûnbekende nije soarte wylde kat, mei de nije namme "katfoks" (Korsikaansk: ghjattu-volpe). Yn 2021 wiene pleatslike soölogen dwaande mei it opstellen fan in nije wittenskiplike beskriuwing foar de Korsikaanske wylde kat, wylst oar ûndersyk trochgie. Yn jannewaris 2023 ferskynde der yn it renommearre wittenskiplik tydskrift Molecular Ecology in artikel wêryn't bekendmakke waard dat de Korsikaanske wylde kat neffens DNA-ûndersyk genetysk gâns ferskilde fan sawol de Jeropeeske wylde kat as fan 'e hûskat.
Uterlike skaaimerken De Korsikaanske wylde kat hat trochinoar in totale lichemslingte fan 90 sm fan 'e noas oant de punt fan 'e sturt. De sidesêfte pels hat in grize grûnkleur mei op 'e romp fertikale dûnkergrize oant swarte streken deroerhinne. Ek de foarpoaten binne streke, mar de efterpoaten binne tige dûnkerbrún en de bealch is ljochter fan kleur en rodzich. De sturt is griis mei swarte ringen en in swarte punt. De Korsikaanske wylde kat ferskilt fan 'e Afrikaanske wylde kat (Felis lybica) troch in dûnkerder kleurepatroan, in koartere sturt en dûnkerbrune plakken op 'e efterkant fan 'e earen.
Folkloare Yn 'e folkloare fan Korsika, benammen mank skieppe- en geitehoeders, spilet de Korsikaanske wylde kat in rol as in boasaardige wâldbewenner dy't de jaren fan skiep en geiten oanfalt.
Sjoch ek Kretinzyske wylde kat Sardynske wylde kat
Kategory:Sûchdiere-ûndersoarte Kategory:Wylde kat Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Wilde kat