Grutkoppappegaaien (Poicephalus) hearre ta de famylje fan 'e Pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittaculidae) (Psittacidae), dus de echte pappegaaien. It is in skaai dat natuerlik foarkomt yn Afrika besuden de Sahara. De typesoarte is de Kaapske pappegaai (P. robustus), wylst de Senegalpappegaai troch de avikultuer it meast bekend is.

Algemiene eigenskippen De grutkoppappegaaien binne oer it generaal kompakte fûgels fan 22 oant 33 sm lang mei in brede kop en in krêftige snaffel. Se hawwe oer it generaal in koarte sturt en lange wjukken en wurde dêrom yn it Nederlânsk langvleugelpapegaaien neamd. Se ha in frij ticht fearrekleed mei faak grien as oerhearskjende kleur en fierder griis, giel, oranje of brún.

Grutkoppappegaaien libje meast yn of by bosken en op savannes, faak yn gebieten mei beammen dêr’t se yn holtes harren nêst bouwe. Se ite benammen sied, nuten, fruchten en bytiden ek blommen of knoppen.

By trije soarten binne de poppen kleurriker as de mantsjes, itjinge net in soad foarkomt yn 'e fûgelwrâld.

Hâlden en dragen It binne tige yntelliginte fûgels, net sa lawaaierich as guon oare pappegaaiesoarten, mar wol mei in dúdlik karakter en in tige sterke bytkrêft. Guon soarten kinne minsklike stimmen neidwaan, mar minder dúdlik as bygelyks Afrikaanske grize pappegaaien (Psittacus).

Populaasjetrend De measte soarten steane ûnder druk troch habitatferlies en fangst foar de fûgelhannel, fral yn West- en Sintraal-Afrika.

Soarten Hjoed-de-dei wurde der tsien soarten erkend. Earder waarden de Kaapske en de brúnnekpappegaai as ien soarte behannele, mar nei ûndersyk die bliken dat it om twa ferskillene soarten giet. Ofbyld Wittenskiplikenamme Fryske namme Fersprieding Status/Trend150px P. crassus Niam-Niampappegaai Sintraal-Afrikaanske Republyk en oangrinzgjende gebieten. net bedrige25pxP. crassus op BirdLife150px P. cryptoxanthus brúnkoppappegaai East-Afrika net bedrige25pxP. cryptoxanthus op BirdLife150px P. flavifrons gielmaskerpappegaai Etioopje net bedrige25pxP. senegalus op BirdLife500x120px P. fuscicollis brúnnekpappegaai Afrika ûnder de Sahara net bedrige25pxP. fuscicollis op BirdLife150px P. gulielmi readbúkpappegaai Afrikaanske tropyske reinwâlden net bedrige25pxP. gulielmi op BirdLife150px P. meyeri gielskouderpappegaai Afrika besuden de Sahara net bedrige25pxP. senegalus op BirdLife150px P. robustus Kaapske pappegaai Súd-Afrika kwetsberstabylP. robustus op BirdLife150px P. rueppellii Rüppellpappegaai Súd-Afrika net bedrige25pxP. rueppellii op BirdLife150px P. rufiventris readbúkpappegaai Hoarn fan Afrika net bedrigestabylP. rufiventris op BirdLife 150px P. senegalus Senegalpappegaai West-Afrika net bedrige25pxP. senegalus op BirdLife

Kategory:Fûgelskaai Kategory:Pappegaai fan Afrika en de Nije Wrâld