Brouwerij Luehop is in bierbrouwerij yn Midslân op Skylge dy't oprjochte waard yn 2023 troch heit Harold en soan Tymo Luehof. Skiednis It bierbrouwen wie yn earste ynstânsje in mienskiplike hobby, mar waard nei ferrin fan tiid hieltyd serieuzer. Yn 2023 begûn Harold mei it brouwen fan bier yn syn eigen keuken en skuorre. Tymo die in oplieding ûndernimmerskip en wat as skoalopdracht begûn, groeide út ta in goed útwurke idee mei potinsje en úteinlik de offisjele start fan de brouwerij.

Ein 2024 binne de earste kommersjele bieren broud. Op termyn hoopje hja de bieren ferkeapje te kinnen op in eigen lokaasje mei itersgelegenheid.

Hjoed Wat duorsumens oanbelanget wurde de bieren broud mei ferskate lokale produkten fan it eilân en de resten fan it brouwen geane nei de lokale bakker foar bôle en boeren as feefoer.

De nammen fan de bieren ha meastentiids in link nei Skylge.

Assortimint De Domeny - Bleek Bier Haibai - NEIPA Drie en Dartig Protters - blûn Swàrt Skaap - Ierse Stout Snokker Dinkje - IPA Seefeugel - Tripel Bonte Knyn - Swarte IPA Meslanzer Weis bokkie - Weizenbock Project X-MAS - red IPA Wurde net mear broud

Fer'gete Biertje - Kuit Bier Roadmosk - Amber Bier

Keppeling om utens Webstek fan Brouwerij Luehop

Kategory:Fryske bierbrouwerij Kategory:Bedriuw oprjochte yn 2023 Kategory:Skylge