De brúnnekpappegaai (Poicephalus fuscicollis) is in fûgelsoarte yn it skaai grutkoppappegaaien (Poicephalus) út de famylje pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae).
Skaaimerken De nominaatfoarm hat in soad fan 'e Kaapske pappegaai, mar it brún fan 'e kop en nekke is donkerder. It boppeboarst is sulvergriis en it boarst, de búk en de stút binne grien. It wyfke hat in reade bân oer de foarholle, wylst dy by folwoeksen mantsjes ûntbrekt. Alle jongen ha in oranjereade bân op 'e foarholle, dy't by de mantsjes nei in heal jier ferdwynt.
Taksonomy Foarhinne foel ek de Kaapske pappegaai (Poicephalus robustus) as in ûndersoarte ûnder it skaai. Hjoed-de-dei wurdt de Kaapske pappegaai as in aparte soarte behannele.
Der binne twa ûndersoarten fan 'e brúnnekpappegaai mei de folgjende fersprieding:
Poicephalus fuscicollis fuscicollis (brúnnekpappegaai) – komt yn lytse populaasjes foar fan Súd-Senegal en Gambia oant it easten fan Nigearia. Poicephalus fuscicollis suahelicus(griiskoppappegaai) – komt foar yn Angoala, Noard-Namybje, Noard-Botswana, it suden fan Kongo-Kinsjasa, Simbabwe en Tanzania.
De P.f. suahelicus liket in soad op 'e nominaatfoarm, mar de kop en nekke binne mear sulvergriis, wylst by wyfkes de oranjereade bân oer de foarholle folle minder oanwêzich is.
De habitat fan 'e fûgel bestiet út ferskillende soarten bosk en savannes.
Status De soarte hat in breed ferspriedingsgebiet, mar tocht wurdt dat de oantallen fan 'e populaasje ôfnimme, mar net sa bot dat de fûgel as bedrige beskôge wurdt. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de soarte op Reade list as net bedrige (Least Concern, 2017).
Kategory:Grutkoppappegaai Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe