Slootdorp (Frysk: Sleatdoarpwww.delpher.nl) is in doarp yn 'e polder Wieringermar yn 'e gemeente Hollâns Kroan yn 'e Nederlânske provinsje Noard-Hollân. It doarp hat ynwenners ().
Beskriuwing Slootdorp leit fjouwer kilometer westlik fan Wieringerwerf en fjouwer kilometer noardlik fan Middenmeer. De oarpsronklike namme wie Slûs I. It doarp waard boud om 1930 hinne is dêr it âldste doarp fan dy Suderseepolder mei. Dochs is de hjoeddeistige bebouwing fan nei de Twadde Wrâldkriich. It doarp moast nammers weropboud wurde nei't de Dútsers de diken trochbrutsen hiene, dêr't in grut part troch ferwoastge rekke.
Slootdorp leit op in krusing fan wetter en ferkearsdiken, dêr't der in ferdieling yn fjouwer gebieten troch ûntstien is mei elts har eigen karakteristike bebouwing. It doarp is in mulpunt fan 'e pleatslike lânbou, mar mei in minderjend tal winkels.
Yn 2004 waard úteinset mei in grutskalich werstrukturearjen om mear libben yn it doarp te krijen. Dat kaam ree yn mid 2009.
De âldste tsjerke fan 'e Wieringermar stie yn Slootdorp, mar dy waard yn 2010 sloopt. Dêr kamen fyftjin wenten foar yn plak.
Galery
Kategory:Plak yn Hollâns Kroan