thumb|Topografyske kaart fan Skylge, septimber 2023 De Twadde Slinke is in tijslinke; in wetterril dêr't eb- en floedwetter troch streamt, dy't oan de súdeastkant fan Skylge leit.
De Twadde Slinke rint troch de Boskplaat. Fierder nei it westen binne de Earste Dúntsjes, en dêrfoarby de Earste Slinke; it earste wenplak is it doarp Easterein, sa'n 6 km nei it westen. Nei it easten binne de Twadde Dúntsjes, mei dêr foarby de Tredde Slinke.
Fan de Waadsee út, foarmet de Twadde Slinke in sydslinke fan de Earste Slinke. Fan de noardkant is der gjin ferbining mei de Noardsee; dy kant is ôfsletten troch de Derk Hoekstra Stodyk, dy't oan de Noardseekant gâns de Boskplaat oer giet. De streamgebiet leit minoftemear tusken strânpeal 22 en strânpeal 23.
Kategory:Geografy fan Skylge