De readbúkpappegaai (Poicephalus rufiventris) is in fûgel yn it skaai grutkoppappegaaien (Poicephalus) út de famylje Pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae).

Skaaimerken thumb|left|Wyfke. De readbúkpappegaai wurdt likernôch 23 sm lang en hat in grutte snaffel en koarte sturt. It mantsje hat in oranje boarst mei ek wat oranje oan 'e ûnderkant fan 'e wjukken en in griene búk en griene poatfearkes en sturtdekfearren. De rest fan 'e fearren binne griisbrún. De eagen binne oranjeread en de eachring, snaffel en poaten swart. It wyfke hat gjin oranje, is donkerder en fan ûnder grien dat nei de búk griener wurdt.

Fersprieding De soarte komt yn eastlik Afrika foar en wurdt yn twa ûndersoarten ferdield:

Poicephalus rufiventris pallidus - yn 'e drûge toarnebosken eastlik Etioopje en Somaalje. Poicephalus rufiventris rufiventris - fan sintraal Etioopje en eastlik Kenia oant noardeastlik Tanzania.Clements Checklist.

De readbúkpappegaai wurdt op savannes en yn iepen boskgebieten oantroffen. Hy wurdt meastentiids yn pearkes sjoen, faak tichteby fruchtbeammen.

Status Der bestiet gjin rûzing fan 'e grutte fan 'e populaasje, mar de soarte wurdt as net gewoan oant frij algemien beskreaun en de populaasje soe stabyl wêze. Op 'e Reade list fan 'e IUCN stiet de soarte as net bedrige klassifisearre.

Kategory:Grutkoppappegaai Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania