De strûkpoelrôt (wittenskiplike namme: Myotomys unisulcatus; foarh. Otomys unisulcatus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e Karoorotten (Myotomys). Dit bist komt foar yn 'e súdpunt fan Afrika, dêr't syn lânseigen biotoop healwoastyn yn in tuskenbeiden klimaat is. De strûkpoalrôt is in deidier mei in herbivoar dieet, dat yn groepen libbet. Fan plantaardich materiaal bout er in koepelfoarmich nêst boppe in ûnderierdske hoale. De IUCN klassifisearret de strûkpoelrôt as net bedrige.
Taksonomy De strûkpoelrôt waard foar it earst yn 1829 wittenskiplik beskreaun troch de Frânske soölooch Frédéric Cuvier (de jongere broer fan 'e bekendere Georges Cuvier). Lange tiid waard dit bist yndield by de poelrotten (Otomys), mar neier ûndersyk brocht oan it ljocht dat de strûkpoelrôt en ien oare soarte, Sloggetts poelrôt (Myotomys sloggetti), eins yn in eigen skaai thúshearden, it skaai fan 'e Karoorotten (Myotomys).
Fersprieding De strûkpoelrôt is yn syn fersprieding beheind ta de súdpunt fan Afrika, dêr't er foarkomt yn dielen 'e Súdafrikaanske provinsjes West-Kaap, East-Kaap en Noard-Kaap, en teffens yn it uterste suden fan it oanbuorjende Namybje, yn it streamgebiet fan 'e Oranjerivier.
Uterlike skaaimerken De strûkpoelrôt hat trochinoar in kop-romplingte fan 11–201/2 sm, mei in sturtlingte fan 6,3–10,6 sm en in gewicht fan 61–156 g. De efterpoaten mjitte 2,2–3,2 sm en de rûne earen binne 2,0–3,3 sm lang.
De lange, tichte pels dy't de boppeste lichemsdielen fan dit bist bedekt, is opmakke út hierren dy't by de woartel griis binne, mar oan 'e úteinen in brune oant bêzje kleur hawwe. Benammen op 'e kop en de stuten sitte der ek swarte hierren trochhinne. De ûnderste lichemsdielen hawwe fierhinne deselde kleur, mar wat ljochter en sûnder de swarte hierren dertrochhinne. De yn ferhâlding ta de lichemslingte koarte sturt is by de measte yndividuën fan boppen swart en fan ûnderen wyt behierre, hoewol't guon eksimplaren in ienkleurich swarte sturt hawwe.
Biotoop Strûkpoelrotten libje yn 'e Karoo, in healwoastyn oan 'e útein fan Súdlik Afrika. It is in rotseftich gebiet dat krap begroeid is mei fetplanten en wat ferspraat strewelleguod, dat faak fan stikels of toarnen foarsjoen is. Dêrnjonken komt de strûkpoelrôt ek foar yn it fynbosk, yn drûchfallen rivierbêden en yn 'e dunen oan 'e westkust fan Súd-Afrika.
Hâlden en dragen Wat libbenswize oangiet, is de strûkpoelrôt de echte hamsterrotten (Neotoma) út Noard-Amearika en de twiichnêstrotten (Leporillus) út Austraalje net wanlyk. Hy bout út twigen en plantestâlen in koepelfoarmich nêst, dat in diameter fan 130 sm en in hichte fan 45 sm berikke kin. Foar de bou wurde ek oare foarwerpen brûkt, lykas útdrûge bonken, stiennen en drûge dong fan gruttere bisten. Soms graaft de strûkpoelrôt ûnder it nêst in oant 30 sm djippe tunnel as ûntwyk foar it gefal dat syn nêst troch in rôfdier oanfallen wurdt. Ta dy tunnel hearre ien of twa 'keamers', dy't mei lytsere plantedielen beklaaid wurde. Almeast leit it nêst njonken in strûk, dy't der stadichoan diel fan út begjint te meitsjen wannear't it nêst almar grutter wurdt. Ferskate nêsten kinne njonkeninoar lizze.
It nêst foarmet net inkeld beskerming tsjin rôfdieren, mar ek tsjin kjeld en hjittens. Yn it eastlike, kâldere diel fan it ferspriedingsgebiet steane sokke buornêsten nei alle gedachten ûndergrûnsk mei-inoar yn ferbining. Yn it nêst hearsket in mikroklimaat, dêr't de strûkpoelrôt wierskynlik foar syn libben fan ôfhinklik is. De healwoastyn dêr't dit bist libbet, stiet nammentlik bleat oan sterke temperatuerskommelings: simmerdeis is it der oerdeis faak 40 °C, mar by 't winter is it der 0 °C en sakket de temperatuer nachts ûnder it friespunt. Yn it nêst kin de temperatuer winterdeis 4 °C heger lizze as derbûten, wylst it der by 't simmer wol 14 °C koeler is bûtendoar. Strûkpoelrotten soene nei alle gedachten ferkomme as se langere tiid oan sokke temperatueren bleatsteld waarden. Boppedat is út ûndersyk oan it ljocht kommen dat harren nieren net oan 'e drûchte fan 'e healwoastyn oanpast binne, sadat se tefolle urine útskiede en dêrtroch ek de ekstreme hjittens fan 'e simmer net ferdrage kinne soene. Yn 'e strûkpoelrottenêsten libje ek ferskate soarten krobben, spinnen en poddestuollen, dy't dêrbûten net bestean kinne soene.
De strûkpoelrôt is in deidier dat ek krepuskulêr aktyf is (yn 'e jûnsskimer en by de moarnsdage). Hy ferlit syn nêst inkeld by tuskenbeiden temperatueren. By geunstige waarsomstannichheden kin er sadwaande, ferspraat oer de dei, likernôch 3 oeren bûtendoar wêze. Strûkpoelrotten binne sosjale bisten; elts nêst kin troch maksimaal acht eksimplaren bewenne wurde. De krekte sosjale struktuer fan sokke groepen is noch net foldwaande ûndersocht om der hurde konklúzjes oer lûke te kinne. It fermoeden is dat in groep yn 'e measte gefallen bestiet út ien âlderpear mei neikommelingen út ûnderskate smeten. It is lykwols net allegearre pais en free: út en troch komt it ta slaanderij tusken de leden fan ien groep.
Ofhinklik fan hokker diel fan it ferspriedingsgebiet it om giet, falt de peartiid foar de strûkpoelrôt yn 'e simmer of kin er him it hiele jier rûn fuortplantsje. By de beheining ta de simmer giet it om 'e eastlike populaasjes, dy't yn in gebiet libje dêr't it by 't winter oansjenlik kâlder is, mei as gefolch dat der ek minder fretten beskikber is. By oare populaasjes fynt nei alle gedachten om 'e 40 dagen in pearing plak, dy't it begjin fan in nije fuortplantingssyklus ynliedt. De draachtiid duorret trochinoar 37 dagen, wat lang is foar in mûseftige, mar by de berte binne de jongen dan ek in stik fierder ûntwikkele as wenstich is foar de jongen fan mûseftigen, mei in pels dy't foar in diel al yngroeid is en iepene gehoargongen. Der binne ornaris 2–3 jongen de smeet, in leech oantal foar mûseftigen. Dy binne de earste wike noch blyn, mar ûntjouwe har fierders tige fluch en wurde mei 8 dagen al ôfwûn. De wyfkes binne mei 5 wiken geslachtsryp en de mantsjes mei 6 wiken.
Fretten De strûkpoelrôt is in herbivoar, dy't dielen fret fan mear as sechstich ûnderskate plantesoarten. It krekte dieet kin nei jiertiid en nei regio lykwols frijwat ferskille, al neigeraden wat der beskikber is. Op it menu steane blêden, twigen en knoppen fan strûken en beammen, en teffens blêden en stâlen fan krûden en fetplanten, en fruchten. Strûkpoelrotten binne ridlik goede klimmers en by it foerazjearjen kladderje se gauris oant 1 m heech yn beammen en strûken. Heger as 3 m fan 'e grûn ôf bejouwe se har lykwols nea.
Natuerlike fijannen De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e strûkpoelrôt binne lytsere hûneftigen, lykas de Kaapske foks (Vulpes chama) en de sealjakhals (Lupulella mesomelas), mangoesten, lykas de Kaapske grize mangoeste (Herpestes pulverulentus) en de foksmangoeste (Cynictis penicillata), lytse katten, lykas de karakal (Caracal caracal), de serval (Leptailurus serval) en de swartpoatkat (Felis nigripes), slangen, lykas de Kaapske kobra (Naja nivea) en de beamslang (Dispholidus typus), en fierders ferskate soarten rôffûgels.
Status De strûkpoelrôt hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. De relaasje mei de minske is kompleks. Wannear't strûkpoelrotten har op ikkers en plantaazjes bejouwe, kinne se gâns skea oan 'e dêr ferboude lânbougewaaksen oanrjochtsje. Se wurde troch bouboeren dan ek as skealik ûngedierte beskôge en bestriden, ornaris troch har nêsten yn 'e brân te stekken. Oan 'e oare kant hat de strûkpoelrôt der in protte foardiel fan dat de minske syn natuerlike fijannen út syn wengebiet ferjaget. Ek wurdt troch beweiding troch fee in geunstich habitat foar dizze soarte skepen.
Undersoarten De strûkpoelrôt is in monotypyske soarte, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten erkend wurde.
Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Karoorôt Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje