thumb|Topografyske kaart fan Skylge, septimber 2023 De Tredde Slinke is in tijslinke; in wetterril dêr't eb- en floedwetter troch streamt, dy't oan de súdeastkant fan Skylge leit.

De Tredde Slinke rint troch de Boskplaat. Fierder nei it westen binne de Twadde Dúntsjes, en dêrfoarby de Twadde Slinke; it earste wenplak is it doarp Easterein, sa'n 7,5 km nei it westen. Nei it easten binne de Tredde Dúntsjes, mei dêr foarby de Fjirde Slinke.

Fan de Waadsee út, foarmet de Tredde Slinke in iepening apart, net foarme in gearhing mei oare rillen. Fan de noardkant is der gjin ferbining mei de Noardsee; dy kant is ôfsletten troch de Derk Hoekstra Stodyk, dy't oan de Noardseekant gâns de Boskplaat oer giet. It streamgebiet leit minoftemear tusken strânpeal 23 en strânpeal 25. Tsjin de slinke oer, stiet oan de Noardseekant in drinkelingehúske.

Kategory:Geografy fan Skylge