Noorduyn Norseman275px Rol Ferkearsfleantúch Makker Noorduyn Aircraft Ltd Untwerper Robert Noorduyn Earste flecht 14 novimber 1935 Yn tsjinst 1935 Ut tsjinst Operasjoneel Tal makke 904 (1935–1959) Canada Aviation and Space Museum Noorduyn Norseman VI, rieplachte op 31 augustus 2022 Grutste brûkers USAAF, RCAF en eksploitanten fan bushfleantugen thumb|Cockpit fan de Norseman De Noorduyn Norseman, ek wol oantsjut as de C-64 Norseman, is in Kanadeeske heechdekker bush plane mei ien motor ûntwurpen troch Robert Noorduyn. De Norseman waard boud troch Noorduyn Aircraft Ltd. It tastel makke syn earste flecht op 14 novimber 1935. Norwegian Wings #1: Noorduyn Norseman Mk. IV & Mk. VI. Oslo: FlyGloster Publishing, 2007.

Skiednis thumb|left|In Norseman MK.IV fan 'e Noarske loftmacht útstalt yn Gardermoen Nei wurke te hawwen foar Fokker, Bellanca en Pitcairn-Cierva, besleat Robert Noorduyn om syn Noorduyn Norseman fleantúchûntwerp sels te produsearjen. Tegearre mei Walter Clayton rjochte hy yn 1934 de Noorduyn Aircraft Ltd fleantúchfabryk op.

Nei de earste flecht waarden de earste modellen eksploitearre troch Dominion Skyways, dat letter ûnderdiel waard fan Canadian Pacific Air Lines. Yn 'e folgjende fiif jier ferkocht Noorduyn noch mar santjin fleantugen, oan kommersjele loftfeartbedriuwen en ek oan 'e Royal Canadian Mounted Police. Nei it útbrekken fan 'e Twadde Wrâldoarloch naam de fraach nei de militêre ferzje fan it fleantúch bot ta.

De Royal Canadian Air Force bestelde 38 tastellenen foar radio- en navigaasjetraining ûnder it Empire Air Training Scheme. De United States Army Air Forces evaluearren yn earste ynstânsje sân YC-64-modellen, dy't mids 1942 levere waarden. Dêrnei pleatsten se in bestelling foar 746 fan it C-64A-model. Under de Lend-Lease Act waarden 34 fan 'e fleantugen levere oan 'e RCAF en 43 oan oare Alliearde loftmachten. Trije waarden levere oan 'e United States Navy as de JA-1.

Aeronca soe de C-64A ek produsearje, mar dat waard annulearre. Se levere yn 1943 seis C-64B's oan it Engineering Corps. It fleantúch waard meast brûkt as passazjiers- of frachtfleantúch, mar it waard ek brûkt foar kommunikaasje of om slachtoffers te evakuearjen. De produksje fan 'e Norseman waard pas yn 1946 beëinige troch Noorduyn. De produksje waard doe oernommen troch de Canadian Car and Foundry Company. It lêste fan 918 Norseman-fleantugen waard earst yn jannewaris 1960 foltôge. It lêste kommersjele model stie bekend as de Norseman V.

Trivia De Amerikaanske komponist en bandlieder Glenn Miller soe ferstoarn wêze oan board fan in Norseman dy't sûnder in spoar ferdwûn is by in flecht oer It Kanaal en nea weromfûn is.

De Kanadeeske mienskip fan Red Lake, Ontario, wurdt beskôge as de Norseman-haadstêd fan 'e wrâld. Allinnich al yn Kanada wiene dêr yn oktober 2018 noch 40 fleantugen fan ferskate modellen registrearre.

Spesifikaasjes thumb|Noorduyn Norseman Type: Norseman Mark V Bemanning: 1 Maximum oantal passazjiers: 10 Lingte: 9,86 m Spanwiidte: 15,70 m Hichte: 3,07 m Fleugelprofyl: NACA 2412 Fleugeloerlak: 30,2 m² Gewicht leech: 1923 kg Maks. gewicht: 3357 kg Brânstofkapasiteit: 450 liter + opsjoneel 170 liter. Motor: 1× Pratt & Whitney R-1340-AN1 njoggensilinder stjermotor, 600 hk (450 kW) Propeller: Hamilton constant-speed mei trije blêden, diameter 2,76 m

Prestaasjes: Maksimumfaasje: 249 km/o Krúsfaasje: 210 km/o Stalfaasje: 109 km/o Klimfaasje: 3 m/s Plafond: 5200 m Fleanberik: 1500 km

Ferlykbere fleantugen Kar-ut: Fokker Universal Stinson Reliant De Havilland Beaver Cessna Airmaster

Keppeling om utens Don Magnusson en Roy Dishlevoy The Noorduyn Norseman

Kategory:Kanadeeske ferkearsfleanmasine Kategory:Kanadeeske fleanmasine yn de Twadde Wrâldoarloch Kategory:Yntroduksje út 1935