Zita fan Lucca (Lucca, 1212 of 1218 - dêre ferstoarn op 27 april 1272) is in Italjaanske hillige yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke.
Libben Zita waard om it jier 1212 hinne berne yn in earme, mar fromme hûshâlding yn 'e omkriten fan Lucca. As jong famke waard hja nei de rike famylje Fatinelli yn Lucca stjoerd, dêr't hja har hiele libben wurkjen bleau as faam yn 'e hûshâlding.
Se wie warber en stie bekend om har nederigens en meilibjen mei earme minsken. Alhoewol't hja somtiden útlake of min behannele waard troch oar tsjinstfolk, bleau se freonlik, ferduldich en tawijd oan har leauwe. Se dielde har iten mei earmen en gie alle dagen nei de misse foardat it wurk begûn.
Neffens tsjûgen fersprate der by har ferstjerren yn 1272 in hiele wûnderlike rook troch it hûs.
Hillichferklearring thumb|left|It net fergiene lichem fan Zita yn 'e Fredianobasilyk fan Lucca. Zita waard yn 1696 hillich ferklearre troch paus Innosintius XII (guon boarnen skriuwe dat doe de kanonisaasje befêstige waard om't Zita al iuwenlang fereare waard). It geve lichem fan Zita wurdt noch altiten bewarre yn 'e Sint-Fredianobasilyk yn Lucca, dêr't pylgers har ek hjoed-de-dei noch jimmeroan ferearje. De ferearing fan Sint-Zita fersprate him ek nei Ingelân en Spanje. Yn Ingelân waard har feestdei yn guon gebieten as in maids' holiday fierd — in fakânsjedei foar tsjinstfammen.
Zita is yn Itaalje in tige populêre folkshillige, fral yn Toskane. Yn Lucca wurdt alle jierren op har feestdei in grutte merk en prosesje holden. Hja is beskermhillige fan tsjinstfamkes, hûshâldsters, itensierders, skjinmakkers en hûspersoniel yn it algemien. Se kin oanroppen wurde by pine yn 'e holle, earmoede, honger en spanningen yn 'e hûshâlding.
Leginden Oer Zita binne ferskillende leginden bekend.
It bôlewûnder giet oer it útdielen fan bôle ûnder earmen sûnder de tastimming fan frou Fatinelli. Doe't har koer kontrolearre waard, wiene de bôlen yn blommen feroare.
In oare oerlevering ferhellet dat ingelen it hûshâldlike wurk yn 'e koken dienen, dat Zita net ôfmakke om't hja fuort moast om immen te helpen.
Feestdei De feestdei fan Zita is op 27 april fêststeld.
Attributen De kaaien en bôle ferwize nei it hûshâldzjen en har goederjouwskens, blommen betinke it bôlewûnder en in krúk of koer binne it symboal fan tsjinstberens.
Kategory:Roomsk-katolyk hillige Kategory:Italjaansk hillige Kategory:Lucca Kategory:Persoan berne yn de 13e iuw Kategory:Persoan stoarn yn 1272