De Havilland Canada DHC-2 Beaver275px Rol Ferkearsfleantúch, STOL Makker De Havilland Canada Untwerper Earste flecht 16 augustus 1947 Yn tsjinst 1948 Ut tsjinst Operasjoneel Tal makke 1657 (1947–1967) Grutste brûkers Eksploitanten fan bushfleantugen, United States ArmyCivil Air Patrol Trochûnwikkeling de Havilland Canada DHC-3 Otter
De De Havilland Canada DHC-2 Beaver (ek DHC-2 neamd) is in fleantúch mei ien motor, dat fan 1947 oant 1967 boud waard troch De Havilland Canada, de Kanadeeske dochterûndernimming fan De Havilland. It is ornearre foar koarte start- en lâningsbanen en wurdt ek as wetterfleantúch levere. Der binne yn totaal 1657 fan boud.
De standert DHC-2 Beaver is útrist mei in njoggensilinder stjermotor dy't in maksimaal fermogen fan 450 pk leveret. It lêste model, mei de namme Turbo Beaver, is útrist mei in turboprop.
De Beaver is in alsidich fleantúch dat yn benammen Kanada in ikoan wurden is fan in bush plane dy't ôfhandich lizzende plakken berikber meitsje kin. Yn 2008 is der sels in gouden Kanadeeske munt útjûn mei in ôfbylding fan dit tastel. Noch hieltyd binne grutte oantallen Beavers operasjoneel en der wurde noch altyd reserveûnderdielen foar dit type makke. The Immortal Beaver: The World's Greatest Bush Plane. Vancouver: Douglas & McIntyre, 1999
Trivia In Beaver fan de Keninklike Nij-Seelandske loftmacht (RNZAF) hie in stypjende rol yn de Trans-Antarktyske Ekspedysje fan Edmund Hillary yn 1958 nei de Súdpoal.
Spesifikaasjes thumb|Tekening Beaver Parameters DHC-2 Mk. I mei lâningsgestel DHC-2 Mk. I as wetterfleantúch DHC-2 Mk. I as amfibyfleantúch Bemanning 1 Passazjiers 7 Lingte 9,22 m 9,98 m Spanwiidte 14,63 m Hichte 2,75 m 3,18 m 3,51 m Fleugeloerflak 23,2 m² Fleugellingte 9,2 Gewicht leech 1360 kg 1506 kg 1665 kg Maks. startgewicht 2313 kg 2309 kg 2268 kg Oandriuwing 1 Pratt & Whitney R-985 Wasp Jr., stjermotor, 450 hk (335 kW) Grutste faasje 262 km/o 243 km/o Krúsfaasje 230 km/o 204 km/o Stalfaasje mei/sûnder lâningskleppen (flaps) 72/96 km/o Fleanberik sûnder/mei Tip Tanks 732 km/1190 km 652 km/1053 km Tsjinstplafond 5500 m
Ferlykbere fleantugen Stinson Reliant Noorduyn Norseman
Kategory:Kanadeeske ferkearsfleanmasine Kategory:Kanadeeske wetterfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1947