De Goede Verwachting is in tradisjonele wynmûne yn De Helder yn 'e provinsje Noard-Hollân. De mûne waard yn 'e jierren 2023-2025 boud.
Op likernôch itselde plak as de hjoeddeiske mûne stie yn 'e 19e iuw de houtseachmûne mei de namme De Goede Verwachting. Dy mûne spile in wichtige rol by de skipsbou en de lokale ekonomy fan it plak. Yn septimber 1897 baarnde dy mûne troch de bliksem ôf. Der folge doe gjin werbou fan dy mûne.
De Helder wie ea ryk oan mûnen, mar nei't ek De Eendracht yn 1916 ferdwûn, hie De Helder hielendal gjin grutte mûne mear.
Yn 'e jierren 2023–2025 waard op it Vinkenterrein/Molenwerf in replika boud fan 'e Goede Verwachting. De nije mûne is in inisjatyf fan 'e Helderske mûnestifting om it plak wer in mûne te jaan en it gebiet te ferfraaien.
De mûne krige yn 'e plannen net de âlde funksje as houtseachmûne werom, mar wurdt as nôtmûne ynrjochte. Dêrnjonken kriget de mûne in toeristyske funksje en wurde der yn 'e mûneskuorre twa hierwenten ûnderbrocht.NH Nieuws: Na 100 jaar weer draaiende wieken in Den Helder: "Ik hoor het al zoeven", 2 maaie 2025.
Kategory:Bouwurk yn De Helder Kategory:Nôtmole Kategory:Stellingmole Kategory:Bouwurk út 2025 Kategory:Mole yn Noard-Hollân