thumb|Topografyske kaart fan Skylge, septimber 2023 De Fjirde Slinke is in tijslinke; in wetterril dêr't eb- en floedwetter troch streamt, dy't oan de súdeastkant fan Skylge leit.
De Fjirde Slinke rint troch de Boskplaat. Fierder nei it westen binne de Tredde Dúntsjes, en dêrfoarby de Tredde Slinke; it earste wenplak is it doarp Easterein, sa'n 9 km nei it westen. Nei it easten binne de Hempollen, of Fjirde Dúntsjes, mei dêr foarby de Fyfde Slinke.
Fan de Waadsee út, foarmet de Fjirde Slinke ien iepening, mar op it lân binne it eins twa slinken ticht bylkoar dy't op de oargong nei see gearfloeie. Fan de noardkant is der gjin ferbining mei de Noardsee; dy kant is ôfsletten troch de Derk Hoekstra Stodyk, dy't oan de Noardseekant gâns de Boskplaat oer giet. It streamgebiet leit min ofte mear tusken strânpeal 25 en strânpeal 26. Tsjin de slinke oer, stiet oan de Noardseekant de Noardkaap.
Kategory:Geografy fan Skylge