It Tikibad is it subtropysk swimbad fan it attraksjepark Duinrell yn Wassenaar. It wetterpark hat foar ienentweintich ferskillende glydbanen mei in totale lingte fan goed 1500 meter (ekskl. Lazy River). Fierder binne der in golfslachbad, twa bubbelbaden in bûtenbad en in apart part foar bern ûnder de 1,20 m (Kids Waterpark Playa).
Skiednis De bou fan it Tikibad begûn yn 1981 op de dimpte westlike part fan de fiver en sichtline rjochting de eardere tsjerkefolly. It swimbad waard op 19 april 1984 iepene troch Pieter van Vollenhoven. It Tikibad iepene mei in golfslachbad, de glydbanen de Groene Barracuda en de Blauwe Haai en in whirlpool. Yn 1994 folge in útwreiding mei ferskate glydbanen en in lazy river. Oant 2008 wie der ek in sauna. Sûnt dy tiid binne der allinnich noch inkelde yndividuele stoomkabines. Yn jannewaris 2016 is it ynterieur fernijd. Yn 2017 waard in oerdutsen wetterpark (Kids Waterpark Playa) foar bern boud. Sûnt de Koroanafiruspandemy is it bûtenbad skieden fan it binnenbad en moat in besite apart reservearre wurde, en wurd de lisgreide net mear brûkt. Fiif fan de ienentweintich glydbanen binne ûnderdiel fan it bûtenbad.
Glydbanen Namme Lingte Hichte Minimale lingte FaasjeCycloon 56 meter 120 sintimeter 60 km/oTriton 163 meter 20 meter 120 sintimeter Blits 80 meter 14 meter 150 sintimeter 60 km/o Flits 80 meter 14 meter 150 sintimeter 60 km/o X-stream 16 meter 7 meter 150 sintimeter 40 km/pMoonlight 150 meter 16 meter 120 sintimeter 20 km/oStarfright 150 meter 16 meter 120 sintimeter 20 km/oTyfoon 86 meter 15 meter 150 sintimeter 50 km/o Groene Barracuda 110 meter 14 meter 20 km/o Blauwe Haai 110 meter 14 meter 20 km/o Cannon Ball 6 meter 2 meter 120 sintimeter 60 km/oPelikaanduik 4 meter 7 meter120 sintimeter Green Flash Blue Stripe Hurri'Cone Rapid RunQuattro Run 24 meter Green Twist44 meterRainbow Splash12 meterBoogie Ride26 meter Twin Fin11 meter
Kategory:Swimbad yn Nederlân Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1984 Kategory:Bouwurk yn Wassenaar