't Huis de Wolf is in monumintale filla yn neorenêssânsistyske styl yn it Grinzer plak Haren.

Beskriuwing 't Huis de Wolf, dat yn 1892 boud waard nei ûntwerp fan Sybren Bakker, stiet efkes benoarden it sintrum fan Haren oan de eastkant fan de Rijksstraatweg. De filla is neamd nei in herberch mei deselde namme, dy't yn 1691 en mooglik al dêrfoar op itselde stik lân stie en nei alle gedachten foar 1818 troch in grutter pân ferfongen is.

Yn 1891 kaam dat yn hannen fan de doe 24 jier âlde Fryske boeresoan en rjochtestudint út Sint-Jabik Atze Nannes Wassenaar (1867-1916), dy't it slope liet en de hjoeddeiske filla boude. Yn de gevel fan 't Huis de Wolf is in earste stien ynmitsele, dy't op 17 maaie 1892 lein waard troch Wassenaars frou Hendrika van Wely. Wassenaar, dy't in protte fan hynsteriden hold, kocht in pear jier letter ek in oangrizende pleats en it derby hearrende stik lân, dêr't er in drafbaan op oanlizze liet.

Nei alle gedachten hat de famylje Wassenaar fan 1900 oant 1911 permanint yn 't Hûs de Wolf wenne. It waard dêrnei ferhierd en nei Wassenaars ferstjerre troch syn widdo yn 1917 mei alle byhearrende grûn ferkocht oan de Steat fan de Nederlannen.

Dy bestimde it terrein foar de nije botanyske tún fan de Ryksuniversiteit Grins, bedoeld as ferfanging fan de te lyts wurden Hortustún yn de Grinzer Hortusbuert. Mei de oanlis fan de tún waard yn de winter fan 192 -1930 úteinset. 't Huis de Wolf sels, dat ynearsten ferhierd waard, herberge yn de rin fan de tiid ûnder oare it Genetisch Instituut, it Polemologisch Instituut en it Verkeerskundig Studiecentrum fan de universiteit. Begjin jierren njoggentich ferkocht dizze ynstelling it gebou oan in partikulier, dy't de filla sa folle as mooglik yn âlde steat werstelle liet. De filla waard ein 1999 oanwiist as ryksmonumint.

Wolf, it Huis de Wolf, it Huis de Wolf, it Huis de Wolf, it Huis de