De Australeilannen (Frânsk: Îles Australes (útspr.: [ˈil oːˈstʁal], likernôch: "yl oo-stchal") binne in arsjipel yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan. De eilannen hearre geografysk ta de gruttere regio Polyneezje en falle bestjoerlik ûnder Frânsk-Polyneezje, dat in oerseeske kollektiviteit fan Frankryk is. Der binne sân eilannen, wêrfan't fiif bewenne wurde, ferdield oer twa groepen: de Tupua‘i-eilannen en de Basseilannen. Se binne fan fulkanyske oarsprong en hawwe in tropysk klimaat. Polynezyske seefarders setten har der oan it begjin fan it twadde milennium nei wenjen. Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw waard de arsjipel kolonisearre troch Frankryk. It haadplak is Mata‘ura, op it eilân Tupua‘i. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2022 wenje der tsjintwurdich krapoan 6.600 minsken op 'e eilannen.
Namme De namme 'Australeilannen' komt fan it Grykske wurd australis, dat "súdlik" betsjut (krekt as Austraalje, dat dêr ek fan ôflaat is). De namme ferwiist nei de súdlike lizzing fan 'e eilannen yn ferhâlding ta Tahity en de Genoatskipseilannen.
Geografy De Australeilannen binne in arsjipel dy't rûchwei yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan leit, ter hichte fan 'e Stienbokskearkring. De eilannegroep heart geografysk ta de gruttere regio Polyneezje, dêr't û.m. Tonga, Samoä, de Cookeilannen, de Hawaï-eilannen, Peaske-eilân en Nij-Seelân ek ûnder falle. Bestjoerlik meitsje de Australeilannen yn 'e mande mei de Genoatskipseilannen, de Tûamotû-eilannen, de Markesaseilannen en de Gambiereilannen diel út fan Frânsk-Polyneezje, dat in oerseesk gebietsdiel fan Frankryk is. De Australeilannen binne de súdlikste fan dy fiif arsjipellen en lizze sa'n 650 km besuden it eilân Tahity, dêr't Papeete leit, de haadstêd fan Frânsk-Polyneezje.
De Australeilannen lizze yn in langwerpige kloft fan it súdeasten nei it noardwesten. De arsjipel falt geografysk útinoar yn twa dielen: de eigentlike Australeilannen yn it noardwesten, dy't nei it wichtichste eilân ek wol de Tupua‘i-eilannen (Frânsk: Îles Tubuai) neamd wurde, en de Basseilannen (Frânsk: Îles basses) yn it súdeasten.
De Tupua‘i-arsjipel bestiet út it ûnbewenne atol Maria yn it uterste noardwesten en de bewenne hege fulkanyske eilannen Rimatara, wat mear nei it suden, en Rūrutu, Tupua‘i en Ra‘ivāvae op in min ofte mear rjochte line nei it súdeasten. Dan komt der sa'n 500 km iepen oseaan, wêrnei't yn it súdeasten de Basseilannen folgje, dy't besteane út it bewenne Rapa of Rapa Iti en it ûnbewenne Marotiri, ek bekend as Bass Rocks (Îlots de Bass). It grutste eilân fan 'e Australeilannen is Tupua‘i. Mei-inoar hawwe de eilannen in oerflak fan net mear as 147,8 km². It heechste punt op 'e Australeilannen is de berch de Perahu op Rapa, mei in hichte fan 650 m boppe seenivo.
Geology Utsein Maria, dat in atol is, binne de Australeilannen fan fulkanyske oarsprong. Se binne skepen troch de Macdonaldhotspot, in fulkanyske hotspot dêr't yn geologyske termen oan ien wei troch magma opboarrelet út 'e djipten fan 'e ierde, mei as gefolch it ûntstean fan fulkanen dy't lang om let sa heech wurde dat se boppe de seespegel út stykje en eilannen foarmje. Troch de tektoanyske beweging fan 'e Pasifyske Plaat yn noardwestlike rjochting wurde dy eilannen hieltyd dy kant út fuortfierd, wêrnei't der boppe de hotspot wer in nij eilân ta wêzen komt. Op dy wize binne alle fulkanyske Australeilannen foarme. De iennichste aktive fulkaan is de ûnderseeske berch de Macdonald, wêrfan't de top anno 2025 op in djipte fan 40 m ûnder de seespegel leit.
Skiednis Prekoloniaal tiidrek Oer de prekoloniale tiid fan 'e Australeilannen taast men noch fierhinne yn it tsjuster, mei't der op 'e eilannen noch mar skraachoan argeologyske opgravings ferrjochte binne. De ierste bewenners wiene Polynezyske seefarders, dy't yn it ramt fan it Grutte Polynezyske Folkeferfarren oer in perioade fan ferskate tûzenen jierren út Súdeast-Aazje wei almar fierder de Stille Oseaan op teagen. Wannear't dyselden har foar it earst op 'e Australeilannen nei wenjen setten, is ûndúdlik. Omreden fan 'e ôfhandige lizzing fan 'e arsjipel yn 'e perifery fan Polyneezje geane saakkundigen der lykwols fan út dat de kolonisaasje fan 'e eilannen frij let plakfûn hawwe moat, wierskynlik earne oan it begjin fan it twadde milennium, tusken 1000 en 1200. De earste bewenners kamen nei alle gedachten fan 'e Genoatskipseilannen en de Cookeilannen, mei't der dúdlike kulturele en taalkundige bannen besteane tusken dy beide arsjipellen en de Australeilannen.
De prekoloniale maatskippij wie op 'e Australeilannen, krekt as op 'e measte oare plakken yn Polyneezje, sterk stratifisearre, mei klassen fan eallju, preesters, hantwurkslju en krigers dy't strikt faninoar skaat wiene. Oarspronklik lykje de lju yn delsettings oan it strân wenne te hawwen, mar omreden fan oanboazjende tribale oarlochfiering waarden dy lokaasjes, wierskynlik yn 'e santjinde of achttjinde iuw, ferlitten, wêrnei't der sterk fortifisearre doarpen op heuveltoppen yn it binnenlân fan 'e eilannen boud waarden. Op Rapa allinnich al binne de restanten fan fyftjin fan sokke delsettings weromfûn. De ferneamde Noarske argeolooch Thor Heyerdahl, dy't de Australeilannen yn 1956 besocht yn it ramt fan in wittenskiplike ekspedysje, rûsde de âldens fan it doarp op 'e Moronga Uta-heuvel op Rapa tusken de 200 en 300 jier, wylst neffens him it fortekompleks fan Hatututi, op Ra‘ivāvae, datearre út omtrint 1700. Troch de ûnophâldlike oarloggen, dy't wierskynlik mank giene mei in oereksploitaasje fan natuerlike helpboarnen, wie de oarspronklike befolking fan 'e arsjipel nei alle gedachten sels foar it earste kontakt mei de Jeropeänen al drastysk belune.
Tiidrek fan 'e Untdekkingsreizen Rūrutu wie it earste eilân fan 'e Australarsjipel dat troch Jeropeänen "ûntdutsen" waard, doe't it yn 1769 besocht waard troch de Britske ûntdekkingsreizger James Cook. Dyselde arrivearre op 14 augustus, liet syn marineskip, de HMS Endeavour, foar de kust foar anker gean, en stjoerde de oare moarns in sloep ûnder befel fan luitenant-op-see John Gore nei it eilân ta. Doe't op it strân in grutte kliber bewapene krigers gearklofte, keas Gore derfoar en kear om, mei't er fan Cook befel krigen hie om konfliktsitewaasjes út 'e wei te gean. Cook sylde dêrnei fuort sûnder fierder besocht te hawwen om kontakt te meitsjen mei de eilânbewenners.
Ra‘ivāvae waard ûntdutsen troch de Spanjert Tómas de Gayangos, dy't dêr op 5 febrewaris 1775 besocht inkele bemanningsleden lânje te litten. Mar harren sloep waard yn 'e Mahanatoabaai tsjinkeard troch ferskate oarlochskano's. James Cook ûntdiek Tupua‘i yn maart 1777, op syn trêde ekspedysje nei de Stille Súdsee, mar koe dêr likemin foet oan 'e wâl krije.
Cook syn ferslach fan dat barren wie lykwols bekend by Fletcher Christian, de lieder fan 'e opstannige bemanningleden fan 'e HMS Bounty. Nei't se op 28 april 1789 yn 'e Tûamotû-arsjipel kaptein William Bligh en dy syn fertroulingen oerboard set hiene yn in sloep, sylden se nei Tupua‘i, dêr't se mar in wike bleaune ear't se weromkearden nei Tahity. Mei foarrieden en Tahitiaanske froulju dy't harren by har jûn hiene, giene se doe wer nei Tupua‘i mei de bedoeling om har dêr nei wenjen te setten yn in delsetting dy't se Fort George neamden. Mar ûnderlinge ûniennichheden en bloedige konfrontaasjes mei de Australezen, wêrby't troch it moderne wapenreau fan 'e opstannelingen 66 eilânbewenners sneuvelen, makke dat se nei in fearnsjier wer skipgiene op 'e Bounty en fuortsylden nei it easten, dêr't se úteinlings de ûnbewenne Pitcairneilannen fûnen en kolonisearren.
Rapa, ek bekend as Rapa Iti, waard yn 1791 ûntdutsen troch de Ingelske ûntdekkingsreizger George Vancouver, wylst George Bass yn 1800 it ûnbewenne Marotiri yn sicht krige. Rimatara waard pas yn 1811 ûntdutsen troch de Britsk-Tahitiaanske keapman Samuel Pinder Henry. It bestean fan it ûnbewenne atol Maria, ta einbeslút, rekke net earder as yn 1824 bekend, doe't George Washington Gardner, in Amerikaanske walfiskfarder út Nantucket, it by tafal yn it each krige.
Koloniaal tiidrek Nei't de Pōmare-dynasty yn 'e 1810-er jierren syn hearskippij oer Tahity konsolidearre hie mei de stipe fan 'e kalvinistyske Ingelske sindelingen fan it Londensk Misjonêr Genoatskip (LMS), fette kening Pōmare II it idee op om 'e ynfloedssfear fan it Keninkryk Tahity út te wreidzjen nei oare eilannen (wêrfan't it bestean op Tahity altyd al bekend west hie). De Amerikaanske brik fan in kaptein Lewis waard hierd, en dêrop waard de kening mei syn hofhâlding en ferskate sindelingen yn oktober 1819 nei de Australeilannen ta fearn.
By oankomst die bliken dat op ferskate eilannen tusken de clans ûnderling oarlochfierd waard. Mei it grutte oansjen fan in Polynezyske foarst wist Pōmare II de partijen derfan te oertsjûgjen en los harren konflikten ûnder syn bemiddeling op diplomatike wize op. Doe't er wer op hûs oan gie, liet de kening as in soartemint steedhâlder ien fan syn Tahitiaanske haadlju efter. Dyselde klearre it paad foar de sindelingen fan it LMS dy't in jier letter oerkamen fan Mo‘orea. De kerstening fan 'e Australeilannen ferrûn freedsum, mei't de haadlju har gewillich dope lieten by wize fan oplossing fan 'e oanhâldende oarlochssitewaasje. De Australeilannen waarden fan dy tiid ôf troch de Pōmare-dynasty ta it Keninkryk Tahity rekkene, hoewol't de bewenners fan 'e eilannen dat wierskynlik oars seagen.
Fan 1862 oant en mei 1864 hiene de Australeilannen slim te lijen ûnder blackbirding, in praktyk wêrby't Súdsee-eilanners ta slaaf makke waarden en op Westerske skippen ûntfierd waarden om slave-arbeid te ferrjochtsjen yn (yn dit gefal) Súd-Amearika. De dieders wiene Perûvianen en Silenen, dy't yn totaal mear as 3.500 Australezen finzen namen en ôffierden.
Net alle konfrontaasjes einigen lykwols itselde. Yn 'e Ahureibaai by it eilân Rapa giene yn desimber 1862 fiif skippen foar anker, wêrnei't der in kliber swierbewapene slavehellers op it strân lâne. Mar de Rapanen loeken har werom yn harren heuvelforten, en de slavehellers moasten har ôfjaan sûnder wat bedijd te hawwe. In pear dagen letter arrivearre by it eilân de Cora, in Sileenske skoender, ek mei as doel om slaven te heljen. Trettjin ynlânske haadlju besleaten de lapen gear te smiten en mei-inoar te besykjen om it skip te feroverjen. In groepke krigers gloep by nacht oan board en naam de kaptein yn gizeling, wêrnei't de bemanning har sûnder ferset oerjoech. De Cora waard dêrnei mei bemanning en al nei Tahity fearn en dêre oan 'e Frânske autoriteiten oerdroegen. Fiif fan 'e bmanningsleden hiene der lykwols foar keazen om op Rapa te bliuwen. Doe't letter de brik Misti by Rapa arrivearre mei itselde doel as de eardere skippen, seach de kaptein dêr fanôf doe't er fan 'e fiif efterbliuwers te hearren krige wat der mei de Cora bard wie.
Underwilens wie it Keninkryk Tahity yn 1842 in protektoraat fan Frankryk wurden. Yn namme wie it noch in selsstannich lân mei yntern selsbestjoer, mar feitliks wie it al in koloanje en hie keninginne Pōmare IV net folle mear yn te bringen. De oanboazjende Frânske ynfloed naam op 'e Australeilannen foar it earst fêste foarm oan doe't Frankryk yn 1874 in protektoraat oer Tupua‘i ôfkundige. Tahity sels waard yn 1880, nei de abdikaasje fan 'e lêste kening, Pōmare V, ek formeel in Frânske koloanje. Keninginne Tamaeva IV fan Rimatara en kening Teuruari‘i IV fan Rūrutu seagen it swurk driuwen en lobbyden yn 1888 om 'e nocht om Britske beskerming te krijen. It resultaat wie dat se yn 1889 troch Frankryk anneksearre waarden. Ra‘ivāvae en Rapa waarden yn 1900 en 1901 ek opslokt.