De Hortus Botanicus Haren is in botanyske tún yn it plak Haren yn de Nederlânske provinsje Grinslân. De Hortus bestiet út fyftjin bunder tunen en wurdt beheard troch de Stichting Behoud Groene Hortus. De tún is oansletten by de stichting Nationale Plantencollectie.

De tún is yn 1626 oprjochte oan de Grote Rozenstraat yn Grins. apoteker Henricus Munting wie de stichter fan de Hortus botanicus Groninganus. Hjirmei is it ien fan de âldste botanyske tunen fan Nederlân. Yn 1967 waard de kolleksje folslein ferhuze nei Haren en waard de lokaasje yn Grins sletten.

Skiednis Grote Rozenstraat Yn 1626 fêstige de apoteker Henricus Munting him yn Grins nei jierren reizgjen troch Europa. Achter syn hûs yn de Grote Rozenstraat lei er in tún oan mei in soad gewaaksen: de Hortustún (Oude Hortus). Troch syn bûtenlânske relaasjes, dy't him planten tastjoerde, stie dizze tún gau tige goed oanskreaun. Yn 1642 bea Henricus Munting de tún oan de Steaten fan Stêd en Lande om dy yn stân te hâlden foar de Akademy en de ynwenners fan Grins. Op dizze wize krige de Universiteit in plantetún. Munting waard beneamd ta provinsjaal botanicus mei learopdracht.

Yn 1654 waard Munting heechlearaar yn de botany, de earste heechlearaar plantkunde yn de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen. It wie dreech om alle planten (foaral de planten út waarmere streken) yn libben te hâlden. Troch de Steaten waard dêrom yn 1656 jild beskikber steld foar in rekonditoarium: in ferwaarme kas (in soarte fan oranjery). Hjiryn bloeide yn 1675 foar it earst de Agave, in primeur yn de Republyk. Nei it ferstjerren fan Henricus Munting yn 1658, waard er opfolge troch syn soan Abraham dy't al in pear jier syn adjunkt wie.

In soan fan Abraham, Albertus Munting, folge syn heit nei syn ferstjerren op yn 1683. Noch hieltyd hie de famylje Munting de soarch foar de tún. Albertus moast lykwols fanwege hege skulden de hortus ferkeapje oan de provinsje. De provinsje kocht de tún op 29 jannewaris 1691 en sûnt dy tiid is de tún yn besit fan de oerheid.

Heechleararen folgen inoar op, sy wennen yn it hûs yn de Rozenstraat en ferrjochten noch jierrenlang sels in soad túnwurk. Pas yn 1672 kaam de earste hortulanus (Immen dy't belêste is mei it technyske behear fan in botanyske tún.), dy't yn 1768 in wenning op it terrein krige. Oan de ein fan de 18e iuw waard it personiel fierder útwreide.

Yn de 18e en 19e iuw waarden kassen boud, sied en planten kocht en útwiksele. Fan 1856 ôf waarden sied listen útjûn. Dêrneist waarden der planten sammele yn de eigen provinsje en omjouwing, en waarden der kontakten ûnderholden mei oare botanyske tunen. Op 22 april 1899 waard in nij botanysk laboratoarium iepene, grinzjend oan it âlde Hortushûs.

útwreiding yn Haren

Begjin 20e iuw kampte de Hortustún mei romtegebrek en ûntstie de winsk om in kassekompleks te kreëarjen. De universiteit kocht dêrop yn 1917 it ûngefear 12,5 hektare grutte bûten 't Huis de Wolf yn Haren. Yn 1920 waard hjir in tún foar de genetika oanlein, dy is ferdwûn doe't dêr it Biologisch Centrum boud waard. Troch jildkrapte kaam de ûntwikkeling fan de nije Hortus pas nei de Twadde Wrâldkriich goed op gong.

Dizze tún droech earst de namme Hortus de Wolf, yn de folksmûle de ek wol nije Hortus neamd. Letter waard dit Hortus Haren. It sil oant 1966 duorje foar't de nije tropyske kas, de grutste fan Nederlân, iepene wurdt en yn 1967 de hiele Hortus nei Haren ferhuzet. Troch oankeapjen fan oangrizende terreinen berikte de Hortus yn Haren syn hjoeddeistige oerflakte fan 20 bunder. Yn 1971 waard it Biologisch Centrum neist de Hortus iepene.

Yn 1982 moast de universiteit besunigje en omdat it fak plantkunde net mear sa belangryk wie, waard besletten de tún yn 1988 te sluten. De boargemaster fan Haren Klaas Weide wist dêrop fia syn netwurk miljoenen oan jilden te regeljen út it bedriuwslibben om de hortus in kommersjele trochstart te jaan. De universiteit joech de grûn en opstallen dêrby yn erfpacht oan in hjirta oprjochte stichting ûnder lieding fan John Reinhard. Dizze moast de Hortus omfoarmje ta in toeristyske attraksje. Dêrta waard yn 1995 de Sineeske Tún iepene It Ferburgen Ryk fan Ming en yn 1999 de Keltyske tún Tunen fan Ogham yn dizze tún stiet it mytologyske gedachtegoed fan de Kelten sintraal. Ek waard in nije hoareka foarsjenning en in nije rotstún oanlein. De tropyske planten waarden yn 1999 oerbrocht nei de Hortus fan Amsterdam. Fan 2012 ôf is de Hortus selsstannich. Hoewol't de universiteit de hannen fan de tún ôflutsen hat, is sy der noch wol by belutsen. Sa wie se ien fan de finansiers fan de ''Hûnsrichtún.

De tunen Laarmantún De Laarmantún is in wyldeplantetún. Hjir groeie in soad planten dy't op de reade list stean, de list mei bedrige lânseigen wylde plantesoarten. De Laarmantuin is dan ek opnaam yn de Stichting Nationale Plantencollectie. En is de âldste tún fan de Hortus.

Krûdetún Trijekwart fan de tún bestiet út planten dêr't men eartiids fan tocht dat se in genêskrêftige wurking hawwe soene. In part fan dizze planten wurdt dêrfoar noch hieltyd brûkt. It oare part bestiet út keukenkrûden en farveplanten. Dizze trije soarten krûden namen yn de midsiuwske kleastertunen in wichtich plak yn. De Krûdetuin is neamd nei Henricus Munting, de grûnlizzer fan de Hortus.

Rotstún De hjoeddeiske rotstún ûntstie yn 1970. Yn dat jier kaam der op in bouplak, it oanbuorjende eardere biologyske sintrum, gâns liemgrûn frij, dy't ta in heuvel opsmiten waard. Dizze heuvel, dy’t earst noch net bedutsen wie mei rotsen, waard doe “ De Berg ” neamd. Letter waard dy grûn mei rotsen bedutsen. Dêrmei wie de rotstún sa in realiteit.

Flinter- en bijegreide De tún is yndield yn in raster fan rjochthoekige fakken mei mingde, krúdachtige beplanting. Beammen en strûken soargje foar beskutting, wylst mei soarch keazen soarten tsjinst dogge as waard- en drachtplant. Sels úthiemske planten hawwe hjir in plak, foaral fanwegen harren lette bloei dêr't se it drachtseizoen mei ferlingje. Sa profitearje ek oare ynsekten fan dit rike leefgebiet.

It Ferburgen Ryk fan Ming It Ferburgen Ryk fan Ming oftewol de Sineeske tún is boud nei it model fan de tunen fan Suzhou, dy't stamme út de lette Ming-perioade (1368-1640). De Mingtún yn ús Hortus is in ûntwerp foar in Mandarijn: de heechste bestjoersamtner. De tún waard brûkt om yn te túnkjen, te kuierjen, te genietsjen fan de natuer en te meditearjen. Mar it wie ek in plak om freonen te moetsjen, om mei-inoar poëzy te skriuwen, te skilderjen of muzyk te meitsjen en foar bern om yn te boartsjen.

Tunen fan Ogham De tunen fan Ogham oftewol de Keltyske tún. Yn de Keltyske tún komme eleminten út de mytology fan de âlde Kelten ta libben. De Kelten koene in djippe ferearing foar de natuer, en yn it bysûnder foar beammen, dy't sy as hillich beskôgen. Se bestudearren de kosmos en bepaalden oan 'e hân om it goede momint om te siedzjen, rituelen út te fieren of sykten te tsjutten. Dizze tún is in ferbyldzjende ynterpretaasje fan harren wrâldbyld: in plak dêr't natuer belibbing, spiritualiteit en symbolyk yn gearkomme.

Hûnsrichtún De Hûnsrichtún is de jongste tún fan de Hortus. Sûnt 2017 wurdt hjir in yndruk jûn fan de opbou en it ûntstean fan de Hûnsrich, in glêsjale rêch mei in protte keiliem yn de ûndergrûn. De beek ferbyldet in bocht fan de Drintske Aa. De Hunze is in feanrivier dy't eastlik fan de Hûnsrich yn de Hunzedelling streamt, de paden ferbyldzje de útsliten kuier rûten fan de skiep. De Hûnsrichtún is ynsiedde mei in mingsel fan planten dy't yn it Hûnsrichgebiet thúshearre.

Ofbylden

Kategory:Museum yn Grinslân Haren Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1626