De wytkielekstergaai (Cyanocorax formosus) is in fûgelsoarte yn it skaai maskergaaien (Cyanocorax) út de famylje kriefûgels (Corvidae).

Taksonomy De wytkielekstergaai waard yn 1827 troch de Ingelske natuerûndersiker William Swainson beskreaun en betocht foar de soarte de binominale namme Pica formosa. Formosa komt fan it Latynske formosus, itjinge "moai" betsjut. De wytkielekstergaai waard mei de swartkielekstergaai earder yn it skaai Calocitta set. Doe't út molekulêre fylogenetyske stúdzjes lykwols bliken die dat it skaai Cyanocorax parafyletysk wie oan Calocitta, waarden de twa soarten by it skaai Cyanocorax ûnderbrocht.

Skaaimerken thumb|left|Kop fan 'e wytkielekstergaai, Kosta Rika. De 43 oant 56 sm lange gaai hat in lange sturt en in sierlike fearren op 'e krún. De kop en kiel binne meast wyt en wurde omfieme troch in smelle swarte râne. It boarst, de búk en de ûnderbúk binne wyt, wylst de wjukken, mantel en sturt blau binne. De sturt hat ek wite rânen. De poaten en it each binne swart en de fûgel hat in donkergrize snaffel. Wyfkes binne lykas mantsjes, mar doffer fan boppe en hat in smellere boarstbân en koartere sturt.

By de nominaatfoarm is de túf swart, wylst by de twa ûndersoarten dêr ek blau en wyt foarkomt. Fierder ûnderskiede de ûndersoarten har fan 'e nominaatfoarm troch minder swart.

Fersprieding De wytkielekstergaai libbet yn Midden-Amearika fan westlik Meksiko oant westlik Kosta Rika. De soarte wurdt yn trije ûndersoarten ferdield mei de folgjende fersprieding:

Cyanocorax formosus formosus - komt foar yn kustgebieten fan súdlik Meksiko (Colima, Michoacán en Puebla oant Oaxaca). Cyanocorax formosus azureus - komt foar op 'e Pasifyske hellingen fan súdeastlik Meksiko (Chiapas) en Gûatemala. Cyanocorax formosus pompatus - komt foar yn it drûge binnenlân fan súdlik Meksiko (Oaxaca) oant noardwestlik Kosta Rika.

Hâlden en dragen It habitat fan 'e wytkielekstergaai bestiet út drûge oant healfochtige bosklânskippen fan seenivo oant 1250 meter. It is in gewoane fûgel yn toarn-, galerij-, leafbosken en kultivearre gebieten lykas kofjeplantaazjes. De fûgel is omnivoar en yt ynsekten, larven, kikkerts, hagedissen, aaien en piken, mar ek sied, nôt, fruit en nektar.

Status De soarte hat in frij grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klasifisearret de soarte dêrfandinne as net bedrige (Least Concern, 2020). De populaasje wurdt rûsd op in heal miljoen oant fiif miljoen folwoeksen fûgels (2016).

Kategory:Maskergaai Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama