De Tsjerke fan Andelst is in hersteld herfoarme tsjerkegebou yn it Gelderske doarp Andelst. De tsjerke wie eartiids wijd oan Sint-Fitus en tocht wurdt dat it ien fan 'e âldste tsjerken fan 'e Betuwe is. Sûnt 2004 wurdt de tsjerke brûkt troch de Hersteld Herfoarme Gemeente fan Andelst-Zetten.
Skiednis De âldste dielen fan 'e tsjerke datearje út 'e 10e of 11e iuw. De parochy fan Andelst wurdt foar it earst yn dokuminten út 1330 fan 'e Utertske Dom neamd. De tsjerke kin fan 1200 oant 1330 ta de tsjerke fan Herveld heard hawwe en waard yn dat lêste jier in selsstannige parochytsjerke. thumb|left|De tsjerke foar de restauraasje fan 1928-1930. Om 1400 hinne waard de hjoeddeiske tsjerketoer tsjin de westlike muorre fan 'e tsjerke boud. It koar waard yn 1440 foltôge. Yn 'e tiid fan 'e reformaasje kaam de tsjerke yn protestantske hannen. De noardlike muorre fan it skip waard yn 1794 fan bakstien werboud.
Tusken 1928 en 1930 fûn in yngreven restauraasje plak. Doe waard it fûnemint fan 'e súdmuorre fan it skip ferfongen. Fiif romaanske rûnbôgefinsters binne doe yn 'e muorre set. It oantal finsters yn 'e noardmuorre waard útwreide fan trije nei fiif.
Yn 2004 naam de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke fan Andelst it beslút om net mei te gean yn 'e Protestantske Tsjerke yn Nederlân. Op 1 july 2004 gongen se selsstannich fierder as de Hersteld Herfoarme Tsjerke.
Beskriuwing Skip It âldste diel fan 'e tsjerke is it romaanske skip, dat 11e-iuwsk of sels 10e-iuwsk is. De westlike muorre hat twa rûnbôgefinsters, dy't tichtmitsele waarden mei de bou fan 'e toer en bestiet fral út yn regelmjittich ferbân mitsele dowestien.
De súdlike muorre is in griemmank fan ferskillende soarten stien lykas dowestien, fjildstiennen en basalt en bestiet ek út in binnen- en bûtenmuorre, opfolle mei kalkspeesje mei skerven, stien en resten fan Romeinske dakpannen. De hjoeddeiske fiif rûnbôgefinsters datearje fan 'e restauraasje fan 1928-1930, mei as foarbyld in besteand (mar tichtmitsele) finster.
De noardlike muorre waard yn 1794 op it oarspronklik dowestiennen fûnemint werboud yn bakstien. De muorre hie trije finsters, mar dêr binne yn 1928-1930 twa finsters oan tafoege. Yn dy tiid waard ek in portaal tsjin 'e muorre oanboud.
Koar thumb|left|Stiftingsstien koar. It bakstiennen goatyske koar datearret neffens in gevelstien yn 'e súdlike muorre út 1440. It koer hat hege goatyske spitsbôgefinsters en in laaien tek. It tek is nei alle gedachten 16e-iuwsk.
Toer De trijelidde toer waard yn 1400 tsjin 'e westkant fan it skip boud en hat in achtsidige spits, dy't mei laaien beklaaid is. De klok waard yn 1784 getten troch Henricus Petit út Aarle-Rixtel. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de klok foardere troch de Dútske besetters, mar nei de befrijing weromfûn.
It oerwurk waard yn 1930 makke troch B. Eijsbouts.
Kategory:Tsjerkegebou yn Gelderlân Kategory:Ryksmonumint yn Gelderlân Kategory:Bouwurk yn Overbetuwe Kategory:Bouwurk út de 10e iuw Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Nederlân