De maskergaaien of ravensgaaien (Cyanocorax) foarmje in fûgelskaai út de famylje kriefûgels (Corvidae). De typesoarte fan it skaai is de brune gaai (Cyanocorax morio).

Beskriuwing Se wurde likernôch 25 oant 40 sm lang en ha in slank oant stevich bealchje mei sterke skonken en sterke klauwen. Meastentiids ha se in kombinaasje fan blauwe, swarte, fiolette, poarperen of wite kleuren. Guon soarten ha túfkes. Se ha lytse oant middelgrutte snavels, dy't geskikt binne foar it iten fan fruchten, ynsekten en lytse proaidieren.

Hâlden en dragen De fûgels binne tige sosjaal en wurde faak yn lytse groepen of famyljeferbân waarnommen. Se binne ek lûdroftich, yntelligint en nijsgjirrich. Guon soarten libje heech yn 'e beammen, oaren mear yn legere dielen fan beammen of strûken of oan boskrânen. Se bouwe harren nêsten yn beammen of strûken en in lechsel bestiet út 2 oant 5 aaien, beide âlders briede en fuorje de jonge fûgels.

Fersprieding De soarten komme meast foar yn Midden- en Súd-Amearika.

Soarten It skaai bestiet út 20 soarten.

Ofbyld Wittenskiplike namme Fryske namme Fersprieding IUCN-status/Trend 120px Cyanocorax affinis swartboarstgaai Kolombia, noardwestlik Fenezuëla, Panama en meast eastlike diel fan Kosta Rika net bedrigestabylCyanocorax affinis op BirdLife 120px Cyanocorax beecheii poarperrêchgaai Noardwest-Meksiko net bedrigestabylCyanocorax beecheii op BirdLife 120px Cyanocorax cayanus wytwanggaai Brazylje, Frânsk-Guyana, Guyana, Suriname, Fenezuëla net bedrigestabylCyanocorax cayanus op BirdLife 120px Cyanocorax cyanomelas poarpergaai Noard-Argentynje, Bolivia, Súd-Brazylje, Paraguay, Súdeastlik Perû net bedrigestabylCyanocorax cyanomelas op BirdLife 120px Cyanocorax cyanopogon wytnekkegaai Brazylje net bedrige25px<ref>[https://datazone.birdlife.org/search?search=Cyanocorax%20cyanopogon Cyanocorax cyanopogon op BirdLife]</ref> |- | 120px || Cyanocorax colliei || swartkielekstergaai || Westlik Meksiko || net bedrige25pxCyanocorax colliei op BirdLife |- | 120px || Cyanocorax caeruleus || azuerblauwe gaai || Súdeast-Brazylje (São Paulo oant Rio Grande do Sul), meast eastlike diel fan Paraguay en it meast noardeastlike diel fan Argentynje || hast bedrige25pxCyanocorax coeruleus op BirdLife |- | 120px || Cyanocorax cristatellus || kroltoefgaai || Noardeastlik Brazylje || net bedrigestabylCyanocorax cristatellus op BirdLife |- | 120px || Cyanocorax chrysops || swartkroangaai || súdwestlik Brazylje, Bolivia, Paragûay Oerûguay, Noardeast-Argentynje || net bedrige25pxCyanocorax chrysops op BirdLife |- | 120px || Cyanocorax dickeyi || kroangaai || Westlike Sierra Madre fan Sinaloa en Durango, Meksiko || hast bedrige25pxCyanocorax dickeyi op BirdLife |- | 120px || Cyanocorax formosus || wytkielekstergaai || Súdwest-Meksiko oant Kosta Rika || net bedrigestabylCyanocorax formosus op BirdLife |- | 120px || Cyanocorax heilprini || Azuernekkegaai || Brazylje, Kolombia, Fenezuëla || net bedrige25pxCyanocorax heilprini op BirdLife |- | 120px || Cyanocorax yncas || Inkagaai || Andesberchtme fan Kolombia en Fenezuëla troch Ekwador en Perû oant Bolivia || net bedrige25pxCyanocorax yncas op BirdLife |- | 120px || Cyanocorax yucatanicus ||Jûkatangaai || Jûkatan || net bedrigestabylCyanocorax yucatanicus op BirdLife |- | 120px || Cyanocorax luxuosus || griene gaai || Súdlik Teksas oant Hondoeras || gjin status, wurdt troch IUCN as ûndersoarte fan 'e Inkagaai beskôge. |- | 120px || Cyanocorax melanocyaneus || bosktoefgaai || Gûatemala, El Salvador, Hondoeras, Nikaragûa || net bedrigestabylCyanocorax melanocyaneus op BirdLife |- | 120px || Cyanocorax mystacalis || wytsturtgaai || Ekwador en Perû || net bedrige25pxCyanocorax mystacalis op BirdLife |- | 120px || Cyanocorax morio || brune gaai || Eastlik Meksiko en Midden-Amearika, ek yn Súd-Teksas || net bedrigestabylCyanocorax morio op BirdLife |- | 120px || Cyanocorax sanblasianus || gieleachgaai || Meksiko || net bedrige25pxCyanocorax sanblasianus op BirdLife |- | 120px ||Cyanocorax violaceus'' fioletgaai Bolivia, Brazylje, Kolombia, Ekwador, Guyana, Perû, Fenezuëla net bedrige25pxCyanocorax violaceus op BirdLife

Kategory:Kriefûgel Kategory:Fûgelskaai