Alfred Malherbe (Port Louis yn Mauritsius, 14 july 1804 – Metz yn Frankryk, 14 augustus 1865) wie in Frânske jurist, en natuerûndersiker (foaral ornitolooch). Hy waard benammen bekend om syn monografy oer de spjochten.

Biografy Malherbe waard berne op it eilân Mauritius. Syn âlden, Pierre Marie François Malherbe en Rosalie Le Meusnier Molineuf, kamen oarspronklik út Metz. Yn 1810 ferovere Ingelân Mauritsius wêrnei't syn âlden werom nei Frankryk flechten en him efterlieten by syn beppe. Sy stoar koart dêrnei en Malherbe gie ek nei Frankryk en waard dêr oplaat ta jurist. Yn 1827 koe er him as rjochter fêstigje by de magistratuer fan de stêd Sedan en fiif jier letter yn Metz dêr't er dêrnei opklom ta foarsitter fan de rjochtbank. , 1866. Notice biographique sur M. Alfred Malherbe, F. Blanc, impr. Metz on line

Yn syn frije tiid wied er dwaande mei natuerhistoarysk ûndersyk oan planten en spesjaal ek fan fûgels. Dêrneist ûntjoech er him as in wittenskiplik yllustrator fan fûgels. Hy bestudearre de fûgelkolleksjes út Algerije en fan Sisylje en publisearre dêroer. Syn wichtichste wurk is in monografy fan de spjochten dêr't er de Levaillantspjocht (Picus vaillantii) yn beskreau en ferneamde nei de Frânske ûndersiker François Levaillant. Yn 1863 waard er direkteur fan it natuerhistoarysk museum fan Metz.

Malherbe is de auteur fan fjouwer geslachtsnammen fan fûgels (bygelyks Chloropicus) en 19 soarten. Dit wiene benammen nammen foar de sjochtesoarten út gebieten bûten Europa lykas de Temminckspjocht, Yungipicus temminckii dy't er neamde nei Coenraad Jacob Temminck. Boppedat beskreau er mear as 30 ûndersoarten. Der binne ek bisten as earbetoan nei him ferneamd lykas de oranjefoarhollekakariki (Cyanoramphus malherbi). (Eds). 2023. IOC World Bird List (v13.1)

Yllustraasje út de monografy oer de spjochten

Publikaasjes

(Karút) Notice sur quelques espèces de chênes et spécialement sur le chêne liège (Quercus suber) (Verronnais, Metz, 1839). Faune ornithologique de la Sicile avec des observations sur l’habitat ou l’apparition des oiseaux de cette île, soit dans le reste de l’Europe, soit dans le Nord de l’Afrique (S. Lamort, Metz, 1843) lire en ligne sur Gallica Catalogue raisonné d’oiseaux de l’Algérie, comprenant la description de plusieurs espèces nouvelles (Verronnais, Metz, 1846) Nouvelle classification des picinées ou pics, devant servir de base à une monographie de ces oiseaux grimpeurs (S. Lamort, Metz, 1849). Ascension à l’Etna, ou Fragment d’un voyage en Sicile et en Italie (Imprimerie de Nouviau, Metz, 1851). Faune ornithologique de l’Algérie (J. Verronnais, Metz, 1855). Description de quelques grimpeurs du genre linéen Picus (J. Verronnais, Metz, 1857). Revue des collections composant, en 1857, le Muséum d’histoire naturelle de la ville de Metz (J. Verronnais, Metz, 1857).

Kategory:Frânsk rjochter Kategory:Frânsk ornitolooch Kategory:Frânsk publisist Kategory:Frânsk yllustrator Kategory:Persoan berne yn 1804 Kategory:Persoan stoarn yn 1865