It fûgelskaai swarte readkopwevers (Malimbus) heart ta de famylje fan 'e weverfûgles (Ploceidae).
De fûgels fan it skaai hawwe harren fersprieding yn West- en Sintraal-Afrika, dêr't se yn reinâlden en oan boskrânen libje, somtiden ek iepen bosk en sekundêr bosk. Se binne lyts oant middelgrut fan likernôch 12 oant 17 sm. De fûgels ha in swart fearrekleed mei opfallende reade patroanen op 'e kop, kiel en búk. Mantsjes binne meast wat feller yn 'e kleuren as wyfkes.
Swarte readkopwevers libje yn groepkes en binne faak heech yn 'e beammen aktyf en ite ynsekten, spinnen en wat fruchten. It binne echte wevers, dy't hingjende nêsten fan gers, blêd en plantfezels bouwe.
De typesoarte fan it skaai is de readsturtmalimbe (Malimbus scutatus). Dat is fêstlein troch Louis Jean Pierre Vieillot yn 1805, doe't er it skaai beskreau.
Ofbyld Wittenskoplike namme Fryske namme Fersprieding Status/Trend Malimbus ballmanni Golamalimbe Nastjonaal Park Gola yn Sierra Leöane en yn westlik Libearia, eastlik Libearia oant westlik Ivoarkust en Natuerreservaat Diécké yn Guinee hast bedrige25pxMalimbus ballmanni op BirdLife International 120px Malimbus cassini Cassini's malimbe Sintraal-Afrika net bedrigestabylMalimbus cassini op BirdLife International 120px Malimbus coronatus swarte readkrúnmalimbe Sintraal-Afrika net bedrige25pxMalimbus coronatus op BirdLife International Malimbus erythrogaster readbúkmalimbe Sintraal-Afrika net bedrige25pxMalimbus erythrogaster op BirdLife International Malimbus ibadanensis Ibadanmalimbe Nigearia bedrige25pxMalimbus ibadanensis op BirdLife International 120px Malimbus malimbicus túfmalimbe Afrikaanske tropyske reinwâld net bedrige25pxMalimbus malimbicus op BirdLife International 120px Malimbus nitens readboarstmalimbe Afrikaanske tropyske reinwâld net bedrigestabylMalimbus nitens op BirdLife International Malimbus racheliae Rachels malimbe westlik Sintraal-Afrika net bedrige25pxMalimbus racheliae op BirdLife International 120px Malimbus rubricollis readkopmalimbe Afrikaanske tropyske reinwâld net bedrigestabylMalimbus rubricollis op BirdLife International 120px Malimbus scutatus readsturtmalimbe West-Afrika net bedrigestabylMalimbus scutatus op BirdLife International
Kategory:Weverfûgel Kategory:Fûgelskaai