De rouwever (Ploceus albinucha) is in wever út de famylje weverfûgels (Ploceidae).
Beskriuwing De rouwever is in swarte boskwever mei wite eagen. Yn it westlike diel fan it ferspriedingsgebiet hat de soarte in sulvergrize nekke, mar de eastlike fûgels binne folslein swart. De populaasjes yn it westen binne hast allyk oan 'e populaasjes fan 'e swarte wever, mar ûnderskiede har mei in tinnere, puntige snaffel. In oar ferskil is it habitat fan 'e rouwever, dat út boskrike gebieten bestiet.
Fersprieding De rouwever is yn twa groepen mei trije ûndersoarten ferdield en hat de folgjende fersprieding:
Ploceus albinucha albinucha - Guinee oant Gana Maxwelli-groep: Ploceus albinucha maxwelli - Bioko (eilân yn 'e Golf fan Guinee) Ploceus albinucha holomelas - súdlik Nigearia oant Gabon, Sintraal-Afrikaanske Republyk, noardlik Kongo-Kinsjasa en westlik Uganda.
De soarte komt foar yn leechlânbosken en bosken op útrinners fan heuvels. Se wurde yn lytse groepkes of yn groepen mei oare soarten waarnommen en bouwe harren nêsten somtiden yn grutte koloanjes fan 'e eigen soarte of mei oare soarten.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer klassifisearret de fûgel dêrom as net bedrige (Least Concern, 2024).
Kategory:Wever (fûgelskaai) Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda