Margaretha (Greta) Schoon (Spetzerfehn, 11 july 1909 - Lier, 7 maart 1991) wie in Eastfrysk dichteres.
Libbensrin Greta Schoon har heit ferstoar yn 'e Earste Wrâldkriich, har mem brocht har en har trije bruorren en susters allinnich op. Fan 1919 ôf gie se nei de hegere famkesskoalle yn Auwerk. Schoon folge in oplieding beukerjuffer en gie yn 1934 as lid fan in susteroarder foar twa jier nei Brazylje. Greta Schoon. Yn: FemBio. Frauen-Biographieforschung (mei literatuerferwizings en oanhellings). Nei't se weromkearde, wurke se yn Wittenberg en dêrnei oant 1945 yn Wiesmoor en Wittmund. Hja hie al earder lytsere skreaune wurk op har namme stean, mar pas nei it kontakt mei de hiem- en skiedkundige Peter Zylmann en de skriuwster Wilhelmine Siefkes yn 1947 moedige har oan om har gedichten yn it Platdútsk te skriuwen. Fan 1954 ôf wurke se as beukerjuffer yn Emden. Fan 'e ein fan 'e 1950-er jierren oant har pensjoen wie se direkteur fan it protestantske bernedeiferbliuw Paul Gerhard-Haus yn Lier. Yn 1977 ferskynde har earste dichtbondel. Dêrnei folgen berneferskes en letter ek mearkes en djipsinnige ferhalen.Reinhard Goltz, Ulf-Thomas Lesle (Hrsg.): Dat Land so free un wiet. Hoffmann und Campe, Hamburg 2006, ISBN 3-455-40026-4.
Greta Schoon wie sûnt de ein 1970-er jierren befreone mei lietsjeskriuwer Jan Cornelius, dy't nei har dea in yn memoriam skreau yn it Ostfriesland-JournalJan Cornelius: Wat blifft is en Woort. Zum Tode der Lyrikerin Greta Schoon, Yn: Ostfriesland Journal 1991, Nr. 4, S. 56–59; leer.de (PDF; 960 KB) en guon fan har teksten op muzyk sette op it album En Vögelfeer dat yn 1992 ferskynde.Biografy Greta Schoon ((Memento fan 6 augustus 2007 fan Internet Archive))
Greta Schoon ferstoar yn 1991 nei in slim siikwêzen en waard yn Spetzerfehn yn it famyljegrêf begroeven.
Underskiedings Schoon krige ferskate ûnderskiedings: 1979: Nicolas Born-Priis 1981: Klaus Groth-Priis 1980: Freudenthal-Priis 1990: Ubbo Emmius-Medalje 1984: Roswitha-von-Gandersheim-Medalje
Yn Lier binne de Greta-Schoon-SchuleGreta Schoon Schule en de Greta-Schoon-Straße nei har neamd.
Wurk (karút) Kuckuckssömmer. Schuster-Verlag, Lier 1977. Dat wi överleven. Davids Drucke, Göttingen 1983. Van de runne Mann. Märchen. Davids Drucke, Göttingen 1987. Dat Bladenhuus. Gedichte und Prosa. Schuster-Verlag, Lier 1990.
Literatuer : Was bleibt, ist ein Feuer. Annäherung an die ostfriesische Dichterin Greta Schoon. Verlag Soltau-Kurier, Norden 2005, ISBN 3-928327-81-X.
Keppelings om utens Greta Schoon yn de katalogus fan 'e nasjonale Bibleteek fan Dútslân Greta Schoon yn Fembio frouljusbibliografy-ûndersyk Greta Schoon yn de databank fan Nederdútske literatuer Biografy fan Greta Schoon yn nijboerboeken.nl Ostfriesische Landschaft: Greta Schoon (PDF; 147 kB)
Kategory:Dútsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Dútsk mearkeskriuwer Kategory:Dútsk dichter Kategory:Eastfrysk skriuwer Kategory:Eastfrysk dichter Kategory:Eastfrysk ûnderwizer Kategory:Skriuwer yn it Nederdútsk Kategory:Persoan berne yn 1909 Kategory:Persoan stoarn yn 1991