Johann Loets Schoon (Spetzerfehn,26 jannewaris 1894 - Sanderbusch, 19 maaie 1968) wie in Eastfrysk skriuwer.
Libbensrin Johann Schoon syn heit wie boer en binnenfeartskipper yn Spetzerfehn. Tegearre mei syn frou, Margaretha Mansholt, behearde er it spoarburo en postagintskip, ûnderhold er de spoarbrêge en eksploitearre er in herberch. De foarâlden binne werom te finen ta it begjin fan de feanterij fan 'e krite yn 1746.
Schoon soe earst learaae wurde, mar moast de beropsoplieding yn Auwerk ferlitte om't er "ferbeane literatuer" (Sherlock Holmes) lêzen hie. Letter waard er postrinner en kantoarmeiwurker en focht yn beide wrâldkrigen mei.Thomas Husmann: Kriegserlebnisse an Enkel weitergegeben. Johann Schoon focht oan it east- en westfront. Hy skreau syn ûnderfinings op. nwzonline.de 6 maaie 2014. Nei de Twadde Wrâldkriich, nei't er in skoftkelang kriichsfinzene fan 'e Britten wie, fertsjinner er syn brea as teefekeaper. Mei syn frou Nanny hie er trije bern. Hy wie de omke fan de Platdútske dichteres Greta Schoon.
Skriuwen Fan 1920 ôf publisearre Schoon beskôgings en ferhalen, mar benammen gedichten en balladen yn pleatslike kranten en bylagen. Benammen yn 'e 1950-er en 1960-er jierren wie er dêr warber mei oan 'e gong. Oant syn ferstjerren skreau er hûnderten teksten dy't yn de deiblêden fan syn bertekrite ferskynden. Dat levere him de reputaasje fan "Herman Löns fan Eastfryslân op.Norbert Fiks: Der Hermann Löns von Ostfriesland ist online. Ostfriesenzeitung, oz-online.de 24 jannewaris 2020. It wurk fan Schoon bestiet benammen út Heechdútske, mar ek út Platdútske teksten en gedichten.
Schoon hat bydroegen oan 'e Heechdútsk-Platdútsk Wurdboek fan Otto Buurman. Hy skreau ek in grut tal krante-artikels oer de natoer en de minsken fan Eastfryslân. In kar út syn wurk is Wulfsblömen – Hoch- und niederdeutsche Geschichten und Gedichte dy't troch Schuster-Verlag yn Lier yn 1989 útjûn waard.
Priis Yn 1966 krige Schoon de Freudenthal-Priis foar Nederdútske literatuer.Freudenthal Gesellschaft
Keppelings om utens Webside oer Johann Schoon Ostfriesische Landschaft: Johann Schoon (PDF online)
Literatuer : Der „Hermann Löns von Ostfriesland“. Yn: Ostfriesland Magazin, 3-2019, Verlag Soltau-Kurier Norden (SKN).
Kategory:Dútsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Dútsk dichter Kategory:Dútsk publisist Kategory:Eastfrysk skriuwer Kategory:Eastfrysk dichter Kategory:Skriuwer yn it Nederdútsk Kategory:Persoan berne yn 1894 Kategory:Persoan stoarn yn 1968