De poarperglânsstaar of poarperglânsprotter (Lamprotornis purpureus) is in fûgel yn it skaai glânsstaren (Lamprotornis) út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae).
Beskriuwing De likernôch 27 sm lange fûgel weaget 91 oant 140 gram. It is in gruttere glânsprotter mei in relatyf foarse snaffel en in lange nekke. De soarte is op ôfstân lêstich te ûnderskieden fan 'e blauearglânsstaar en de griensturtglânsstaar. Hy is meast blaugrien mei in metaalglâns dat op de stút en sturt oergiet op blau en fiolet. Om it each sit in smel donker masker, it each sels is grut mei in giele iris.
Fersprieding De soarte libbet yn Afrika en der wurde twa ûndersoarten erkend:
Lamprotornis purpureus purpureus (fan Senegal ûnder de Sahara oant eastlik nei Sûdan). Lamprotornis purpureus amethystinus (fan Kameroen oant yn it westen fan Kenia, dêr't er seldsum is).
It habitat bestiet út bosksavanne's, parken en ek agrarysk gebiet of ôfbaarde greide oant in hichte fan 1500 m.
Hâlden en dragen In lechsel bestiet út twa oant trije aaien, dy't yn 14 dagen útbret wurde. De fûgel briedt yn beamholtes. Hy yt sied en fruchten.
Status Der binne gjin rûzings oer de grutte fan 'e populaasje, mar de fûgel is algemien en bytiden talryk. Oannommen wurdt dat de oantallen stabyl binne. Dêrfandinne stiet de fûgel op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige (LC, 2018) klassifisearre.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Glânsstaar Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda