De prachtglânsstaar of prachtglânsprotter (Lamprotornis splendidus) is in fûgel yn it skaai glânsstaren (Lamprotornis) út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae).
Skaaimerken De 27 oant 30 sm lange fûgel hat in blaugrien glânzgjend fearrekleed mei in pearse kiel en boarst. De soarte hat in brede swarte bân op 'e wjukken en sturt en in krêmwyt each. Jonge fûgels binne doffer en ha in donker each.
Fersprieding De fûgel komt yn groepkes heech yn 'e beammen, gallerijbosken en groepen beammen op savannes. Se wurde ek op lânbougrûn en yn tunen waarnommen. Grutte groepen wurde waarnommen yn fruitbeammen.
Lamprotornis splendidus chrysonotis – komt foar fan Senegal en Gambia oant Togo. Lamprotornis splendidus splendidus – komt foar fan it suden fan Benyn oant noardwestlik Angoala, Etioopje en Sambia. Lamprotornis splendidus lessoni – komt foar op Bioko (Golf fan Guinee). Lamprotornis splendidus bailundensis – komt foar fan sintraal Angoala oant Sambia en súdeastlik Kongo-Kinsjasa.
Hâlden en dragen Syn iten bestiet benammen út fruit, mar ek ynsekten en sa út en troch oare bisten lykas kikkerts, hagedissen en slakken. Yn West-Afrika briedt er tusken desimber en maaie, yn Gabon tusken jannewaris en maart.
Status It is net bekend hoe't de populaasje him ûntwikkelet. Om't it ûnbekend is hokker gefolgen feroaringen yn it lânskip foar de soarte ha, is it dreech om in trend fêst te stellen. Der bestiet gjin rûzing fan 'e wrâldpopulaasje, mar wurdt ôfhinklik fan it seizoen as talryk omskreaun en it ferspriedingsgebiet is grut. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) beskôget de fûgel as net bedrige (LC, 2018).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Glânsstaar Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda