De Vickers Virginia wie in swiere twadeksk bommesmiter fan 'e Britske Royal Air Force, ûntwikkele út 'e Vickers Vimy dy't er ek opfolgje moast.
Untwerp en ûntwikkeling Twa prototypes waarden besteld op 13 jannewaris 1921, mei noch twa prototypes dy't yn septimber 1922 besteld waarden. Jarrett Aeroplane Monthly May 1993, s. 25. De Virginia like op de Vimy, mar hie in ferlege posysje foar de foarste skutter, wêrtroch't de piloat in grutter gesichtsfjild hie. It tastel hie in 6 m gruttere spanwiidte en in 3 m langere romp. De Virginia waard oandreaun troch twa Napier Lion-motors en fleach foar it earst op 24 novimber 1922. Andrews and Morgan 1989, s. 131.
It prototype fan 'e Virginia ûndergie testen by de Aircraft Experimental Establishment op RAF Martlesham Heath. Ien fan 'e earste oanpassingen wie it ferfangen fan 'e orizjinele twablêdige propellers troch fjouwerblêdige propellers. In ûngewoane set "fighting top"-tuorren (turrets) waarden tafoege oan 'e boppeste wjukken, mar dy waarden letter út produksjefleantugen helle. Sturvivant 1985, s. 849. De Marks I-VI hienen rjochte wjukken, mei licht nei efteren bûgde bûtenste wjukken yntrodusearre op 'e Mark VII. De Mark III wie de Virginia mei in efterste rompskutter, dy't yn 'e Mark VII nei in sturtkoepel ferpleatst waard. De Mark X waard ein 1924 yntrodusearre, mei in duraluminium- en stielen struktuer bedekt mei stof, aluminium en hout.
Operasjonele skiednis It earste eskader fan Virginia Mark Is waard oprjochte yn 1924. Nettsjinsteande middelmatige prestaasjes tsjinne it fleantúch by frontliny-ienheden oant 1938, doe't it ferfongen waard troch de nijere Wellingtons, Hampdens en Whitleys. Untwerpen lykas de Fairey Hendon en Handley Page Heyford folden de Virginia oan en ferfongen dy beide.
De lêste hast folslein metalen Virginia Mark X wie de bommesmiter dêr't RAF it measte fan hie oant komst fan de Heyford yn 1934. Nei syn technyske ferâldering as bommesmiter waard it tastel brûkt foar fotografy en foar parasjutetraining, mei springplatfoarms ynstalleare efter de motorgondels. Op 26 juny 1940 stelde in kommisje dy't de needsaak foar loftkanonnen foar gebrûk tsjin ynfallende tanks bespruts, foar om Virginias te foarsjen mei it like ferâldere COW 37 mm fluchfjoerkanon. Dêr waard lykwols gjin aksje op nommen.
Yn 'e jierren 1930 waarden de Virginias brûkt yn guon fan 'e earste testen fan it tanken yn 'e flecht, hoewol't se nea bûten testen brûkt waarden foar dat doel. De Virginia waard ûntwikkele parallel mei it Vickers Victoria frachtfleantúch en de twa fleantugen hienen in protte mienskiplik, mei itselde fleugelûntwerp. De Virginias wiene tige gefoelich foar ûngelokken, 81 gienen ferlern. Nettsjinsteande harren ferâldering bleaune Virginias oant desimber 1941 in rol spyljen by de Parachute Test Flight yn Henlow.
Produksje Oankeap fan de Vickers Virginia troch de RAF:Halley, James J.: The K File. The Royal Air Force of the 1930s, Tunbridge Wells, 1995, s. 386 en f..; Thompson, Dennis: Royal Air Force Aircraft J1–J9999, Tonbridge 1987
Ferzje19221923192419251926192719281929193019311932TotaalMk.I1 1Mk.II 1 1Mk.III 6 6Mk.IV 4 4Mk.V 715 22Mk.VI 25 25Mk.VII 11 11Mk.IX 8 8Mk.X 193150 Totaal1117400190001931128
Technyske gegevens Vickers Virginia Mk X Bemanning 4 Lingte 18,97 m Spanwiidte 26,72 m Fleugeloerflak 202,4 m² Hichte 5,54 m Gewicht 4.377 kg Startgewicht maks. 7.983 kg Oandriuwing twa Napier-Lion-V-W-motors fan 425 kW (578 hk) Topfaasje 174 km/o op 1.500 m Klimfermogen 1.520 m yn 10 min Tsjinstplafond 4.210 m Fleanberik 1.585 km Bewapening trije 7,7-mm-MGs, oant 1.452 kg bommen yntern
Kategory:Britske bommesmiter Kategory:Vickers Kategory:Yntroduksje út 1924