Glânsstaren of glânsprotters (Lamprotornis) foarmje in grut skaai fan glânzgjende protters, dy't allegear yn Afrika besuden de Sahara foarkomme. Se ha meast glânzgjende blauwe of griene boppedielen, itjinge feroarsake wurdt troch melaninegranules, dy't yn ien laach arranzjearre binne tichteby it oerflak fan 'e flaggen fan 'e fearren. Dy bysûndere omstannichheid late der ta dat guon glânsstaren, dy't earder yn it skaai Spreo stienen, oerhevele waarden nei it skaai Lamprotornis om't se dy eigenskip dêrmei diele.
De ûnderkant fan it skaai is net irisearjend en kin blau, poarper, giel of brún wêze. De measte soarten yn it skaai ha reade eagen en guon ha lange sturten.
It skaai Lamprotornis waard troch de Nederlânske soölooch Coenraad Jacob Temminck yn 1820 beskreaun. As typesoarte waard de Pylksturtglânsstaar (Lamprotornis caudatus) oanwiisd.
Glânsstaren komme yn in grut tal soarten lânskip foar, fan bosk oant iepen bosk en tunen. Se hawwe harren nêsten yn holtes fan beammen, natuerlike holtes, mar ek holtes fan bygelyks spjochten of Afrikaanske burdfûgels. Guon brûke ek troch minsken makke nêstkasten. De measte soarten binne op wat lokale migraasjes nei stânfûgels. Dêrfoaroer is de Shelleyglânsstaar (Lamprotornis shelleyi) in trekfûgel. De meast soarten binne bûten de briedtiid sosjaal en yn groepen te sjen.
Se ite ynsekten en sykje dy yn 'e regel op 'e grûn, mar se ite ek fruit yn 'e beammen. Guon binne ek by of op grutte sûchdieren te sjen om ynsekten te finen. Fryske namme Wittenskiplike namme Ofbyld Fersprieding Blauwe langsturtglânsstaar Lamprotornis purpuroptera 120px Sûdan, Eritreä en Etioopje en Tanzania Brûnssturtglânsstaar Lamprotornis chalcurus 120px Fan Senegal troch Nigearia oant Súd-Sûdan en Kenia Griene langsturtglânsstaar Lamprotornis caudatus 120px tropysk Afrika fan Senegal oant Sûdan Griisboarstglânsstaar Lamprotornis fischeri (earder Spreo fischeri) 120px súdlik Etioopje en Somaaljeoant eastlik Kenia en Tanzania Grize glânsstaar Lamprotornis unicolor (earder Spreo unicolor) 120px Kenia, Tanzania Grutte blau-earglânsstaar Lamprotornis chalybaeus 120px Senegal eastlik oant Etioopje en súdlik troch eastlik Afrika oant noardeastlik Súd-Afrika en Angoala Grutte glânsstaar Lamprotornis australis 120px súdlik Afrika Hildebrandtglânsstaar Lamprotornis hildebrandti (earder Notauges hildebrandti) 120px Etioopje en Somaalje oant Kenia. Keningsglânsstaar Lamprotornis regius 120px Etioopje en Somaalje oantnoardlike Tanzania Lytse blau-earglânsstaar Lamprotornis chloropterus 120px grutte fersprieding ûnder de Sahara Mevesglânsstaar Lamprotornis mevesii 120px súdlik Afrika Pylksturtglânsstaar Lamprotornis acuticaudus 120px súdlik sintraal Afrika Poarperglânsstaar Lamprotornis purpureus 120px tropysk Afrika fan Senegal ennoardlik Kongo oant Sûdan en westlik Kenia Prachtglânsstaar Lamprotornis splendidus 120px westlik en sintraal Afrika Prinsipeglânsstaar Lamprotornis ornatus 120px endemysk yn Sao Tomee en Prinsipe Shelleyglânsstaar Lamprotornis shelleyi 120px eastlik Afrika Smaragdstaar Lamprotornis iris (earder Coccycolius iris) 120px Guinee, Sierra Leöane en Ivoarkust Readbúkglânsstaar Lamprotornis pulcher(earder Spreo pulcher) 120px Boerkina Faso en westlik Afrika Readskouderstaar Lamprotornis nitens 120px Súdlik Afrika Trijekleurige glânsstaar Lamprotornis superbus (earder Spreo superbus) 120px eastlik Afrika Twakleurige glânsstaar Lamprotornis bicolor (earder Spreo bicolor) 120px Súd-Afrika, Lesoto en Swazylân Wytkroanglânsstaar Lamprotornis albicapillus (earder Spreo albicapillus) 120px Dzjibûty, Etioopje, Kenia en Somaalje.
Kategory:Fûgelskaai Kategory:Protterfûgel