De swartnekfazantdo (Otidiphaps insularis) is in bedrige fûgel út de famylje dowen (Columbidae). De fûgel wurdt troch in soad autoriteiten as de ûndersoarte Otidiphaps nobilis insularis fan 'e fazantdo (Otidiphaps nobilis) beskôge, mar BirdLife International en de IUCN behannelje de soarte as in selsstannige soarte.

De fûgel waard foar it earst sûnt de beskriuwing yn 1883 troch in ekspedysje yn septimber 2022 op in hichte fan 1000 m fan 'e Mount Kilkerran mei in kamerfal fotografearre. Tusken dy tiid waard tocht dat de fûgel dêr útstoarn wie.Mongabay: In PNG, researchers find a large pigeon lost to science for 140 years, 21 novimber 2022.

Beskriuwing De 42 oant 50 sm lange fûgel weaget likernôch 500 gram. De kop, it boarst, de búk en de stút en ûnderrêch binne swart mei in pearse glâns. De mantel en wjukken binne kastanjebrún en de sturt is swart. De soarte ûnderskiedt him fan oare fazantdowen troch in ûntbrekken fan in wyt, griis of grien plak yn 'e nekke.

Fersprieding De swartnekfazantdo is endemysk op it eilân Fergusson (D'Entrecasteaux-eilannen, Nij-Guineä) en libbet yn reinwâlden oant in hichte fan 1700 m boppe seenivo.

Iten De fûgel libbet op 'e grûn en yt sied en fruchten.

Status De populaasje wurdt op 50 oant 250 fûgels rûsd (2021) en it ferspriedingsgebiet is beheind. Dêrfandinne is de kâns op útstjerren oanwêzich. De fûgels wurde bedrige troch it ferlies fan habitat troch de houtkap fan ynternasjonale bedriuwen en predaasje fan ferwyldere katten. Wittenskippers hoopje dat de ûntdekking fan 'e fûgel yn 2022 laat ta beskermingsmaatregelen, dêr't ek oare planten en bisten op it eilân foardiel fan ha.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Fûgelûndersoarte Kategory:Fazantdo Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä