Beuron is in plak en gemeente yn 'e lânkring Sigmaringen yn 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. Beuron hat 663 ynwenners (2023).
Skiednis Histoarysk wie it gebiet ûnderdiel fan it foarstedom Hohenzollern-Sigmaringen, dat yn 'e 19e iuw yn Prusen opgie.
Gemeente Beuron is in lytse gemeente. Njonken Beuron bestiet de gemeente ek út Hausen im Tal en Thiergarten.
Geografy left|thumb|De Donau by Beuron. Beuron leit yn 'e delling fan 'e Donau yn in natuergebiet dat bekend stiet as it 'Naturpark Obere Donau'. It leit yn it súdlike diel fan 'e dielsteat, net hiel fier fan 'e Switserske grins. De omkriten binne tige lannelik mei kalkrotsen en ferskillende etappes fan it Jakobuspaad (Camino de Santiago).
Religieuze betsjutting Beuron is it sintrum fan 'e Beuroner kongregaasje, in oantal Benediktynske kleasters dy't yn 'e 19e iuw fanút Beuron stifte binne. De aartsabdij fan Beuron dominearret it plak en is in religieus en kultureel sintrum mei in eigen keunststreaming (de Beuroner keunstskoalle) en in ferneamde bibleteek.
Omkriten Likernôch 6 km eastlik fan Beuron stiet yn Leibertingen it kastiel Wildenstein. Yn 'e stêd Sigmaringen stiet it tige ferneamde kastiel Sigmaringen, ek bekend as it Hohenzollernslot.
Kategory:Plak yn Baden-Wuertemberch Kategory:Gemeente yn Baden-Wuertemberch