Dolkstekdowen (Gallicolumba) foarmje in skaai yn 'e famylje fan 'e dowen (Columbidae). It skaai bestiet út fjouwer soarten.
De wittenskiplike namme fan it skaai waard foar it earst yn 1849 troch Heck beskreaun. It skaai is lânseigen yn 'e reinwâlden fan 'e Filipinen, Yndoneezje en eilannen yn 'e Stille Oseaan.
Op 'e Wrâldfûgellist fan it IOC is it skaai Alopecoenas ôfsplitst fan dat skaai. Der binne yn beide skaaien 20 bekende soarten, wêrfan't in soad útstoarn binne of troch habitatferlies, ynfiering fan net-lânseigen soarten of jacht bedrige wurde. Der binne ek in pear soarten dy't útstoarn binne doe't minsken har op 'e eilannen yn 'e Stille Oseaan nei wenjen setten. Dêrfan binne allinnich fossilen oerbleaun.
Soarten Yn it skaai binne sân soarten:
Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Status * / trend * 120px Dolkstekdo Gallicolumba luzonica hast bedrige25pxGallicolumba luzonica op Birdlife. 120px Goudboarstdo Gallicolumba rufigula net bedrige25pxGallicolumba rufigula op Birdlife. 120px Mindanaodolkstekdo Gallicolumba crinigera kwestber25pxGallicolumba crinigera op Birdlife. 120px Mindorodolkstekdo Gallicolumba platenae krityk25pxGallicolumba platenae op Birdlife. 120px Negrosdolkstekdo Gallicolumba keayi krityk25pxGallicolumba keayi op Birdlife. 120px Selebesgrûndo Gallicolumba tristigmata net bedrige25pxGallicolumba tristigmata op Birdlife. 120px Suludolkstekdo Gallicolumba menagei krityk?Gallicolumba menagei op Birdlife.
Kategory:Fûgelskaai