De Mindanaodolkstekdo (Gallicolumba crinigera) is in dowesoarte út it skaai dolkstekdowen (Gallicolumba). It is in bedrige fûgelsoart fanwegen ferlies fan habitat en wurdt allinnich op 'e Filipinen oantroffen.
Skaaimerken thumb|left|De fûgel yn Artis. De Mindanaodolkstekdo is in middelgrutte do en wurdt likernôch 30 sm en hat in karakteristike readoranje plak op it boarst. De soarte hat in blaugrize kop en is glânzgjend brûnsgrien yn 'e nekke, it boppeste diel fan 'e mantel en de flanken fan it wite boarst, wylst de rest fan 'e boppedielen kastanjebrún is mei brede grize bannen oer de wjukdekveren. De búk is bêzje en nei de ûnderbúk ta krêmwyt.
Fersprieding De Mindanaodolkstekdo wurdt yn trije ûndersoarten mei de folgjende fersprieding ferdield:
Gallicolumba crinigera leytensis - komt foar op 'e Filipinen (Samar, Leyte en Bohol) Gallicolumba crinigera crinigera - komt foar it suden fan 'e Filipinen (Mindanao en Dinagat) Gallicolumba crinigera bartletti - komt foar op Basilan (súdeastlike Filipinen)
Status De soarte is seldsum en oannommen wurdt dat de oantallen troch ferlies fan biotoop ôfnimme. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan de Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte dêrom as kwetsber op 'e Reade list.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dolkstekdo Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen