Omrop Ljouwert (Nederlânsk en offisjeel: Omroep Leeuwarden) is de streekomrop fan de gemeente Ljouwert. It haadkertier fan de omrop stiet yn de stêd Ljouwert.

De omrop ûnstie yn 2018 nei in fúzje fan de Ljouwerter stêdsomrop LEO mei de streekomrop Middelsé. De omrop gie doe fierder ûnder de namme Leo Middelsé, yn july 2024 waard de namme feroare yn Omrop Ljouwert. De omrop is te belústerjen fia FM, fia ynternet en sûnt de winter fan 2025 ek fia DAB+.

Leeuwarden Kategory:Organisaasje oprjochte yn 2018 Kategory:Nederlânske radiostjoerder Kategory:Ljouwert (gemeente) Kategory:Organisaasje yn Ljouwert Kategory:Fryske radio