thumb|Gijs Stappershoef (1968) Gijs Stappershoef (Zaltbommel, 13 maart 1920 – Blaricum, 6 july 2010) wie in Nederlânske telefyzjepionier.
Wurkpaad Nei de HBS soed er yn 1939 oan de Universiteit Grins Ingelsk studearje. Argyf Gijs Stappershoef Stappershoef wie flak nei de Twadde Wrâldoarloch ien fan de grûnlizzers fan de regionale omrop RONO, letter splitse yn RTV Noord en RTV Drenthe, omdat Radio Herrijzend Nederland destiids yn it uterste noarden fan it lân net te ûntfangen wie.
Yn de jierren fyftich en sechstich wie er regisseur by de VARA. Hy wurke gear mei ûnder oare Tom Manders (Dorus) oan syn programma Saint Germain des Prés. Hy gie by de VARA wei nei in konflikt oer it programma Zo is het toevallig ook nog eens een keer, dat ûnder syn lieding opset wie. Dêrnei waard er dosint by Santbergen, de foarrinner fan de Media-akademy, de Filmakademy en de Uterske School voor Journalistiek.
Programma's dêr't Stappershoef oan meidie:
Saint Germain des Prés Pipo de Clown Zo is het toevallig ook nog eens een keer de Rudi Carrell Show Publieke tribune it kwisprogramma Weet wat je waagt'' mei Theo Eerdmans.
Keppeling om utens
Kategory:Nederlânsk telefyzjeregisseur Kategory:VARA-wurknimmer Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Persoan berne yn 1920 Kategory:Persoan stoarn yn 2010