De blauwe grûndo (Claravis pretiosa) is in fûgelsoarte út 'e famylje dowen (Columbidae). It is de iennige soarte yn it skaai Claravis nei't twa soarten yn 2018 nei it skaai poarpergrûndowen (Paraclaravis) ferhûzen.

Beskriuwing Blauwe grûndowen binne lytse dokes fan 20 sm lang en weagje 65 oant 72 gram. Folwoeksen mantsjes binne blaugriis fan boppe, fealgriis fan ûnder en nei it gesicht griiswyt. De flechtfearren en bûtenste sturtfearren binne swartich en de wjukken ha swarte spikkels, dy't faak in bân foarmje. De iris is read of giel en de bleate eachring is grien. De fûgel hat fleisrôze poatsjes.

Wyfkes ha in griisbrune kop, nekke en boarst. It griisbrune giet op 'e ûnderwjukken en búk oer op blaugriis. De rêch is readbrún en de plakken op 'e wjukken, de stút en sturt binne kastanjebrún. Jonge fûgels lykje op it wyfke, mar hawwe in readbrún skobbich patroan op 'e rêch.

Yn it grutste part fan it ferspriedingsgebiet kin it mantsje eins net betiizge wurde mei oare soarten, mar lokaal kin de fûgel foar leden fan it skaai Paraclaravis oansjoen wurde. It wyfke toant ek oerienkomsten mei leden fan dat skaai, mar meastentiids wurdt se gauwer mei it wyfke fan 'e Columbina talpacoti betiizge, dy't wat lytser is en net kastanjebrune mar swarteftige plakken op 'e wjukken hat. Yn it grutste part fan it ferspriedingsgebiet betsjut de kombinaasje fan in blaugrize en in brune do yn 'e beammen dat it blauwe grûndowen binne.

Fersprieding De soarte komt fan eastlik Meksiko oant noardlik Argentynje en súdeastlik Brazylje foar. Se libje relatyf faak yn iepen boskgebieten, oan boskrânen, berms en by oare iepen plakken, fral yn 'e fochtige gebieten, oant in hichte fan 1620 m.

De soarte wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat der gjin ferdieling yn ûndersoarten bestiet.

Nêst De fûgel boud in nêst fan tûkjes fanôf 1 oant 11 m boppe de grûn en it lechsel bestiet út 2 aaien.

Status Yn 2017 waard de hiele populaasje op 0,5 oant 5 miljoen folwoeksen fûgels rûsd. Oannommen wurdt dat de oantallen tebekrinne. De soarte stiet op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige (LC) klassifisearre.

Kategory:Blauwe grûndo Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago