Demon Daughter is in novelle fan it fantasysjenre fan 'e hân fan 'e Amerikaanske auteur Lois McMaster Bujold. De titel betsjut "Demoanedochter". It wurk makket diel út fan Bujold har gruttere romansearje The World of the Five Gods, en is it tolfde diel fan 'e sub-rige Penric and Desdemona. Diskear kriget de mei in ynderlike demon bejeftige tsjoender Penric in sânjierrich famke op 'e noed dat sels ek in demon yn hat. Wannear't Penric har foar de hillige fan 'e Bastert bringe wol om 'e demon út har weinimme (en ferneatigje) te litten, liedt dat ta heechoprinnend spul mei syn eigen demon, Desdemona. Demon Daughter waard yn jannewaris 2024 publisearre as e-boek, en kaam yn jannewaris 2025 yn in hardcoveredysje út by de útjouwerij Subterranean Press, mei in omslach makke troch Lauren Saint-Onge. __TOC__ Ynhâld De tsjoender Penric sibbe Jurald is oarspronklik ôfkomstich út 'e bercheftige Kantonnen, fier nei it súdwesten, mar wennet no al wer jierren yn Vilnoc, de simmerhaadstêd fan it hartochdom Orbas. Syn húshâlding bestiet út syn Cedoanyske frou Nikys, harren bern Rina fan acht en Wyn fan fjouwer en Nikys har mem Idrene. As tsjoender is er ferbûn oan 'e Oarder fan 'e Bastert, de god fan gelok en ûngelok en alle dingen bûten har eigen tiid (stoarm, swierens bûten it houlik om, weesbern, moard, ensfh.). Dêrnjonken beklaait er ek de funksje fan hoftsjoender fan hartoch Jurgo.
Penric syn boppenatuerlike krêften komme fan 'e ynderlike demon fan dusoarder dêr't er mei bejeftige wurden is (sjoch: Penric's Demon), in wêzen dat ôfkomstich is fan 'e Bastert en dat er Desdemona neamd hat. Troch de jierren hinne hawwe hy en Desdemona in tige nauwe relaasje, sels freonskip, ûntwikkele, wat goed fan pas komt om't se tegearre ien lichem diele moatte. Demoanen binne nammentlik wêzens fan 'e geast, dy't net yn 'e materiële wrâld bestean kinne sûnder in materieel wêzen om harren te ûnderstypjen. Desdemona is in tige âlde demon, dy't al tolve eardere gasthearen hân hat: in merje, in liuwinne en tsien froulju. Hoewol't demoanen eins gjin geslacht hawwe, hat Desdemona troch har lange assosjaasje mei froulju dúdlik in froulike identiteit ûntwikkele.
It ferhaal begjint wannear't der in jonge fisker by Penric oan 'e doar komt, dy't fertelt dat by it fiskersdoarpke Zerbo, benoarden Vilnoc, in drinkeling oanspield is. It giet om in jong famke. Doe't de doarpelingen har besochten te helpen, fleach hieltyd alles om harren hinne yn 'e brân. De pleatslike preester ornearre dêrom dat hja in demon yn hie. Om foar te kommen dat it hiele doarp ôfbrâne soe, hawwe se har doe dellitten yn in drûchsteande put, wêrnei't om help stjoerd is nei de Oarder fan 'e Bastert yn Vilnoc. Penric, dy't faker falske alaarms meimakke hat, is skeptysk, mar hy set ôf nei Zerbo en nimt Nikys mei, om't er derfan útgiet dat er wolris ferlet hawwe kin fan in memmefiguer om it famke gerêst te stellen.
It blykt te gean om 'e sânjierrige Otta, de dochter fan in Tai Ankahat, de kaptein fan 'e Roknaarske keapfarder, De Gouden Kâns. Nei't se troch de oanwêzigens fan Nikys yndie gerêststeld is, fertelt Otta dat de skipsjonge har in brune rôt brocht dy't er fongen hie, mei de bedoeling om har bang te meitsjen. Mar Otta wie net benaud foar it bistke en woe it oanhelje. De earste stjoerman, dy't dat seach, pakte har de rôt ôf en smiet it bist oerboard, mei't rotten net inkeld ûngedierte binne, mar ek noch hillich foar de Bastert, de fyfde god, dy't troch de kwadreenske Roknaren net erkend en ynstee as de Duvel sjoen wurdt. De rôt gie kopke-ûnder en kaam net wer boppe en doe foel Otta der ynienen hinne. Doe't se wer bykaam, seach eltsenien der sa nuver út, mei twirjende kleuren fan binnen. Hja waard tige bang en doe fette alles om har hinne flam. De earste stjoerman rôp út dat se in duvel yn hie, pakte har op en goaide har oerboard. Har kritende mem smiet har in planke efternei. It lêste dat Otta fan De Gouden Kâns seach, wie dat it brânende skip oer de hoarizon ferdwûn.
Penric kin it famke útlizze wat har oerkommen is. De rôt, dy't troch de earste stjoerman oerboard smiten waard, wie geastlik beset troch in demon fan 'e Bastert, in elemintêr wêzen fan gaos, sa't der oanhâldend guon út 'e hel fan 'e Bastert nei de materiële wrâld ta "lekke". Om't elts wêzen fan geast yn 'e materiële wrâld ferlet hat fan in materieel wêzen om him te ûnderstypjen, sprong de demon by de ferdrinking fan 'e rôt oer nei Otta. De twirjende kleuren dy't se sûnt yn alle minsken sjocht, binne harren sielen, dy't se gewaarwurde kinne om't har demon har in boppenatuerlik gesichtsfermogen jûn hat. De brannen dy't oeral om Otta hinne begjinne, wurde feroarsake troch harsels, om't se de krêften dy't har demon har jout, noch net behearsket. It earste dat Penric har leart, op 'e boaiem fan 'e drûge put dêr't gjin ûngelokken barre kinne, is hoe't se in kjers oanstekke en wer útdwêstgje moat, sadat se net mear by fersin brânstiftsje sil.
Neitiid nimme Penric en Nikys it jonge famke mei nei hûs, dêr't Otta de oare leden fan harren húshâlding moetet. De taalkleau behinderet earst de kommunikaasje, útsein foar Penric, dy't Roknaarsk sprekt. It docht bliken dat Otta ek Woldsk sprekt, de memmetaal fan har mem Louka, dy't as opslûpen famke troch plonderjende seerôvers út har bertedoarp oan 'e noardkust fan it Wold ûntfierd en letter as slavinne ferkocht waard. Hja waard lang om let kocht troch Otta har heit, dy't har frijliet en mei har troude. Mei't yn 'e Kantonnen ek Woldsk sprutsen wurdt, is dy taal ek Penric syn memmetaal.
Yn Vilnoc set Penric daliks útein mei in syktocht nei De Gouden Kâns, om derefter te kommen oft it skip de troch Otta by fersin feroarsake brân trochstien hat en om úteinlings it famke wer mei har âldelju werienje te kinnen, nei't de Bastert syn demon weromnommen hat. Dêrta stjoert er brieven nei bekenden yn alderhanne oare havenstêden. Teffens freget er de dûanebeämten yn Vilnoc om nei it skip út te sjen en datselde fersyk docht er oan Laxo en Symo, in pear seelju op jierren dêr't er kunde oan hat, dy't yn 'e haven fan Vilnoc omhingje en dêr los wurk dogge om itende te bliuwen. Fierders skriuwt er ek oan it haad fan syn Oarder yn Dogrita, de winterhaadstêd fan Vilnoc, yn 'e ferwachting dat er trochwiisd wurde sil nei Iroki fan Pef, in hillige fan 'e Bastert dy't troch de god bejeftige is mei it fermogen om demoanen út 'e materiële wrâld oan him werom te jaan.
Underwilens rekket Otta befreone mei Rina, de dochter fan Penric en Nikys, dy't likernôch fan har jierren is. Penric ûnderrjochtet it famke eltse dei om har mear behearsking oer har boppenatuerlike fermogens te jaan. Nikys, dy't in pear moanne earder in miskream hân hat, begjint har oan Otta te hechtsjen. Dat wie in probleem dat Penric wol foarsjoen hie, mar wat er net ferwachte hie, is dat syn demon Desdemona de jonge, frijwol ûnbeskreaune demon fan Otta begjint te sjen as it bern dat hja op gjin inkele oare manear krije kinne soe. It helpt datoangeande net dat Rina en Otta beslute om har demon Atto te neamen op basis fan in útspraak fan Penric dat it wêzen him ûntjaan sil ta in soarte fan spegelbyld fan Otta. It famke sels wol earst hiel graach fan har demon ôf, mar nei ferrin fan in pear dagen is it allegearre net mear sa grizelich foar har as earst. Wannear't Rina har útleit dat it fuortheljen fan har demon troch de hillige Iroki tagelyk de ferneatiging fan Atto betsjutte sil (dy't dan wer opgiet yn 'e foarmleaze gaos yn 'e hel fan 'e Bastert), wurdt se tige stil.
Der komt berjocht dat de hillige Iroki Penric-en-dy ferwachtet. Dat Penric en Nikys litte de soarch foar harren jonge soan Wyn en harren hûs oer oan Idrene en sette mei Otta en Rina ôf út Vilnoc. Desdemona is faaljekant op dizze gong fan saken tsjin. Penric is der ek net bliid mei, mar sjocht gjin mooglikheid om der oan te ûntkommen. Foar it earst yn harren tweintichjierrich gearwenjen yn Penric syn lichem krije Penric en Desdemona in heechoprinnende rûzje. Desdemona docht der alles oan om 'e reis te sabotearjen, oant en mei it hommels trochroastkjen fan ien fan 'e assen fan 'e koets dy't it selskip ferfiert. Penric moat allegeduerigen op syn iepenst wêze om oare sabotaazje-aksjes tsjin te kearen.
De reis giet fia Dogrita nei it doarpke Pef, dêr't Iroki in rêstich bestean liedt as rivierfisker. Ienris arrivearre wurdt Otta troch de hillige apart nommen. Se geane tegearre te angelfiskjen en sitte lange tiid swijend njonkeninoar op 'e riviersigge, oant Otta sjocht dat de kleuren fan Iroki syn siel eachferblynjend wyt wurde en dochs har eagen net sear dogge. It is de Bastert, dy't har mei Iroki syn stim freget: "Ik hóéch Atto net werom te nimmen. Wolst har hawwe?" En Otta antwurdet: "… Ja." En de god seit: "Dat is dan regele." Penric-en-dy keare yn grutte opluchting werom nei Vilnoc, dêr't Laxo en Symo ûnderwilens fan in seeman dy't sy kenne, heard hawwe dat De Gouden Kâns oanlein hat yn in oare havenstêd nei't Otta it skip yn 'e brân stutsen hie. It famke hoecht dus net mear te libjen yn ûnwissichheid oer de fraach oft se har eigen âlden by fersin deamakke hat.
It is in healjier letter, as de hjerst ynfallen is, wannear't Laxo en Symo op in dei in ûnbekende frou nei it hûs fan Penric en Nikys begeliede. It blykt Louka Harosdottis te wêzen, de mem fan Otta. Hja is de wrâld te ryk om te witten dat har deawaande dochter noch libbet, mar Otta weromnimme mei demon en al, dat kin net. Want hoewol't Louka oarspronklik út It Wold komt, dêr't de minsken, krekt as yn Orbas, kwintaristen binne (en dus fiif goaden ferearje), binne har man Tai en syn bemanning Roknaren dy't it kwadreenske leauwe oanhingje en de Bastert, de fyfde god, ferfije as de Duvel. Mei't de demon Atto ûntsjinsisber fan 'e Bastert komt, sil Otta middenmank Roknaren fuortendaliks ta de dea brocht wurde. Nei't se sjoen hat hoe goed oft Penric en Nikys foar Otta soargje, en nei't se mei ferbjustering oanharke hat dat har dochter, de dochter fan in slavinne, foarbestimd is om oplaat te wurden ta in Timpeltsjoenster, nimt Louka dêrom ôfskie fan Otta en lit har efter op 'e noed fan wat har pleechfamylje wurden is.
Kategory:Literêr wurk fan Lois McMaster Bujold Kategory:Fantasynovelle Kategory:Ingelsktalige novelle Kategory:Novelle út 2024 Kategory:Literatuer oer goaden Kategory:Literatuer oer geastlike besetting Kategory:Literatuer oer heiten en dochters Kategory:Literatuer oer memmen en dochters Kategory:Literatuer oer demoanen Kategory:Literatuer oer tsjoenderij