Florent Prévost (Parys, 17 augustus 1794 – dêre, 1 febrewaris 1870) wie in Frânske natuerûndersiker en yllustrator.

Prévost wie assistint-natuerûndersiker oan it Muséum National d'Histoire Naturelle. He wie de skriuwer fan ferskate dierkundige publikaasjes wêrûnder in wurk oer dowen (Les Pigeons par Madame Knip, 1843) en tegearre mei C.L. Lemaire in boek oer de fûgels yn Europa (Histoire Naturelle des Oiseaux d' Europe, 1845). Fierder makke er ôfbyldingen fan bisten (fûgels) yn de boeken fan Coenraad Jacob Temminck (1778 – 1858), Karel Lucien Bonaparte (1803–1857) en Georges-Louis Leclerc de Buffon (1707–1788).

Hy wurke oan de kolleksje fûgels sammele yn de ûndersyksreis mei it linyskip La Venus tegearre mei Marc Athanase Parfait Œillet Des Murs en oan de fûgels en sûchdieren fan in Frânske ekspedysje nei Abessinië tusken 1839 en 1843.

Prévost is de beskriuwer fan 12 soarten fûgels wêrûnder de mauritiusdo (Nesoenas mayeri) en de wytwanggrûngors (Melozone biarcuata). (2020) Fierder binne der ferskate bistesoarten nei him ferneamd lykas de Prevostklapperrôt (Callosciurus prevostii) en de slangesoart Gerarda prevostiana.

Prévost stoar yn de âldens fan 75 jier yn Parys.

Wichtichste publikaasjes Voyage autour du monde sur la frégate la Vénus pendant les années 1836-1839 (mei Isidore Geoffroy Saint-Hilaire en oaren) Parys : Gide, 1840-1864 Voyage en Abyssinie exécuté pendant les années 1839, 1840, 1841, 1842, 1843 (mei Antoine-Alphonse Guichenot en oaren) Parys : A. Bertrand, 184X. Histoire naturelle des oiseaux exotiques (mei H.L. Pauquet en C.L. Lemaire) Parys: F. Savy, (1864). Histoire naturelle des oiseaux d'Europe: passereaux (mei C.L. Lemaire) Parys: F. Savy, (1876)

Kategory:Frânsk biolooch Kategory:Frânsk ornitolooch Kategory:Frânsk yllustrator Kategory:Persoan berne yn 1794 Kategory:Persoan stoarn yn 1870