De pearelhalstoartel (Spilopelia chinensis, synonimen: Stigmatopelia chinensis en Streptopelia chinensis) is in soarte fan toarteldo. De fûgel waard yn 1786 beskreaun troch de Italjaanske natuerkundige Scopoli. De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet yn in grut part fan Súd-Aazje en de Yndyske Arsjipel en kom bûten dat gebiet ek as eksoat foar.

Taksonomy Der is in soad betizing oer de skaainamme fan 'e pearelhalstoartel. Earder wie de soarte yndield yn it skaai toarteldowen (Streptopelia). Om't de pearelhalsdo ferskilt fan 'e oare soarten yn dat skaai, waard de soarte om 'e iuwwikseling hinne yndield yn it nij skaai Stigmatopelia. Yn 2012 waard de pearelhalsdo tegearre mei de palmtoartel (Spilopelia senegalensis), op 'e IOC World Bird List yn it skaai mei de namme Spilopelia set.

Beskriuwing De pearelhalstoartel wurdt likernôchy 30 oant 34 sm lang. De do hat in frij lange sturt en it meast opfallende skaaimerk is de swarte bân om 'e nekke mei dúdlike wite stipkes, dêrfandinne de namme pearelhalsdo.

Fersprieding De fûgel hat in ferspriedingsgebiet oer it Yndiaaske subkontinent, súdlik Sina, Yndo-Sina en de Yndyske Arsjipel. It is in algemiene fûgel fan iepen lân, sekundêre bosk, lânbougebieten, parken en tunen.

De soarte hat fiif ûndersoarten:

Spilopelia chinensis suratensis : fan Pakistan oant Nepal, Yndia en Sry Lanka. Spilopelia chinensis ceylonensis: Sry Lanka Spilopelia chinensis tigrina : fan noardlik Yndia oer Yndo-Sina oant de Filipinen en de Sûnda-eilannen. Spilopelia chinensis chinensis : fan Birma oant sintraal en eastlik Sina en Taiwan. Spilopelia chinensis hainana: Hainan (tichtby súdeast-Sina).

Eksoat Sûnt de 19e iuw binne ferskate ûndersoarten bûten it oarspronklike ferspriedingsgebiet yntrodusearre yn Austraalje, Fidzjy, Mauritsius, Meksiko, Nij-Kaledoanje, Nij-Seelân, Papoea Nij-Guinea en Hawaï.

Status De pearelhalstoartel hat in ûnbidich grut ferspriedingsgebiet. Allinnich dêrom is de kâns op útstjerren al hiel lyts. De grutte fan 'e populaasje is net kwantifisearre, mar oannommen wurdt dat de soarte yn oantallen tanimt. Dêrfandinne wurdt de do op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre.

Fok By it hâlden fan 'e soarte is de fûgel earst frijwat skou. Ienris went oan 'e nije omjouwing en fersoarging wurdt dat better. De pearelnektoartel leit twa aaien. Se briede de aaien yn 14 dagen út en soargje goed foar harren jongen. De soarte hat in moaie rop, is winterhurd, binne net dreech te hâlden en net djoer. Se kinne it bêste as pearke hâlden wurde, lykas ek oare dowen.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Spikkeldo Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn East-Timor Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn de Maldiven Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Eksoat yn Austraalje Kategory:Eksoat yn de Feriene Steaten Kategory:Eksoat yn Fidzjy Kategory:Eksoat yn Mauritsius Kategory:Eksoat yn Meksiko Kategory:Eksoat yn Nij-Kaledoanje Kategory:Eksoat yn Nij-Seelân Kategory:Eksoat yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Eksoat yn Hawaï