Raamsdonk (Raamsdonksk: Rammesdoenk) is in doarp yn 'e gemeente Geertruidenberg yn 'e provinsje Noard-Brabân. It is it meast westlike doarp fan 'e krite mei de namme "De Langstraat". Oarspronklik foarme Raamsdonk, tegearre mei de kearn fan Raamsdonksveer en de buorskip Keizersveer, de gemeente Raamsdonk. Yn 1997 waard dy gemeente by de gemeente Geertruidenberg yndield. It oantal ynwenners fan Raamsdonk is sawat 2.280 (2024). It is in katolyk doarp, mar der is in protestantske minderheid.
Raamsdonk leit tusken Raamsdonksveer en Waspik. Oare plakken yn 'e omkriten binne 's Gravenmoer en Hank. Grutte stêden yn 'e buert binne Oosterhout en Breda.
Namme Raamsdonk waard foar it earst yn 1253 as Ramesdunc en yn 1330 as Raemsdonc neamd. In 'dunc' of 'donk' is in sânheuvel yn in sompich gebiet. 'Raams' ferwiist mooglik nei de oanwêzigens fan 'e plant blêdlok, mar it kin ek in persoansnamme wêze.
Skiednis Raamsdonk moat al hiel lang lyn in tsjerke hân hawwe, dy't wijd wie oan Sint-Lambertus, itjinge op in âlde skiednis en bannen mei it prinsbisdom Luik wiist.
It doarp waard mei de Sint-Elisabethsfloed fan 19 novimber 1421 foar in grut part ferneatige. De werbou fan it doarp fûn in pear hûndert meter súdliker plak. De tsjerke, wêrfan't de toer bewarre bleau, kaam dêrmei bûten it doarp te stean. De tsjerke kaam mei it fan krêft wurden fan it Tolvejierrich Bestân yn 1609 yn hannen fan 'e protestanten. Doe't de Maasrûte yn 'e jierren 1960 oanlein waard, rekke de tsjerke noch mear fan it doarp isolearre. thumb|left|Raamsdonk yn 1792. Yn 1690 krigen de katoliken tastimming om in skûltsjerke te bouwen, dy't stie yn 'e buorskip Benedenkerk, dat ûnder Waspik foel. Yn 1787 waard ek in skuorretsjerke boud yn Raamsdonk, dy't oan Sint-Bavo wijd wie en yn 'e Bergenstrjitte stie. Yn 1798 easken de katoliken lykwols harren âlde Sint-Lambertustsjerke werom. Se krigen dy net, mar se krigen as kompensaasje foar it ferlies fan 'e tsjerke in skeafergoeding. De skûltsjerke wie yn gebrûk oant 1889, doe't de monumintale Sint-Bavotsjerke neffens in ûntwerp fan arsjitekt Carl Weber ynwijd waard. Dy stiet midden yn it hjoeddeiske doarpssintrum.
Yn 1722 waard it nije riedshûs yn it doarp Raamsdonk boud. Yn 1822 soe Raamsdonk lang om let syn definitive grinzen as gemeente krije, oant de gemeente yn 1997 by Geertruidenberg yndield waard.
Yn 1907 waard it Sint-Adrianusgesticht ynwijd, dêr't de Susters fan Leafde wennen en dy't in âldereinhûs mei in oanbuorjende famkesskoalle bestjoerden. De susters ferlieten it gesticht yn 1972.
It besjen wurdich De Lambertustsjerke út de 14e en 15e iuw. De katolike Sint-Bavotsjerke út 1889, ûntwurpen yn neoromanogoatyske styl troch arsjitekt Carl Weber. It Adrianushûs oan it Tsjerkeplein 5, it eardere kleaster fan 'e Susters fan Leafde (sûnt 1975 in moetingssintrum). Ferskate histoaryske pleatsen, lykas de 18e en 19e iuwske pleatsen fan it yn 'e krite karakteristike type en in oantal monumintale wenten.
Ofbylden
Natuer It langwerpige Raamsdonk leit op in sânrêch boppe legerlizzend omlân, dat oarspronklik út feangrûn bestie en dêr't eartiids turf wûn waard.
Troch it doarp lei eartids it spoar fan De Bosk nei Lage Zwaluwe. De lêste trein ried yn 1972 en it is no foar in grut part in fyts- en kuierpaad ûnder de namme Halvezolenpad. De namme fan it paad ferwiist nei de skuonfabriken oan it spoar. De treinen ferfierden ek it lear en de produkten foar en fan dy fabriken.
Súdlik fan it doarp streamt de Donge en yn it westen leit in ôfwetteringskanaal fan 'e Donge, wêrop ek de 's-Gravenmoerse Vaart útwetteret en dat yn it Zuiderafwateringskanaal útkomt. Dit mûnet by de buorskip Keizersveer út yn it Oude Maasje.
Om Raamsdonk hinne leit benammen agrarysk gebiet.
Keppeling om utens Stifting "Raamsdonks Historie''
Kategory:Plak yn Geertruidenberg (gemeente) Kategory:Plak yn Noard-Brabân