It Steatspark Malibu Creek (Ingelsk: Malibu Creek State Park) is in steatspark yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. It leit yn it Santa Monicaberchtme fan Súdlik Kalifornje, binnen de grinzen fan Los Angeles County. In diel fan it park foarme yn 'e tweintichste iuw de Fox Ranch, in filmranch fan filmstudio 20th Century Fox, dêr't gâns films en tillefyzjesearjes opnommen waarden. It Steatspark Malibu Creek waard yn 1974 oprjochte en is sûnt 1976 tagonklik foar it publyk. It beslacht in oerflak fan krapoan 33,3 km².

Geografy It Steatspark Malibu Creek leit yn it Santa Monicaberchtme, oan 'e Pasifyske kust fan Súdlik Kalifornje, binnen de grinzen fan Los Angeles County en noardwestlik fan 'e stêdekloft fan Los Angeles. De neiste stêd is Calabasas. It park strekt him út fan 'e súdkant fan 'e Malibumar yn it westen oant Piuma Road yn it easten. It folget de beek Malibu Creek, dêr't it nei ferneamd is, nei syn mûning yn 'e Malibulagune oan 'e kust. It park beslacht in oerflak fan krapoan 33,3 km². It Steatspark Malibu Creek makket diel út fan it gruttere Nasjonaal Rekreaasjegebiet It Santa Monicaberchtme.

Skiednis It gebiet dat no it Steatspark Malibu Creek foarmet, hearde yn it Prekolumbiaanske Tiidrek ta it wengebiet fan 'e Sjûmasj (Chumash), in Yndiaansk folk dat al tûzenen jierren oan 'e kust fan Súdlik Kalifornje libbet. Yn 'e noardeastlike hoeke fan it park binne troch argeologen by opgravings de resten fan it Sjûmasj-doarp Talepop ûntdutsen. Ek nei de kolonisaasje fan Kalifornje troch de blanken bleau it gebiet fierhinne wyldernis, hoewol't der tsjin 'e 1860-er jierren in pear gebouwen set wiene. Ien dêrfan wie de noch altyd steande Sepúlveda Adobe, in wente yn adobestyl fan 'e foaroansteande Sepúlveda-famylje fan Kalifornje.

Yn 1900 waard de krite oankocht troch in kloft rike sakelju út Los Angeles, dy't har feriene hiene yn 'e saneamde Crags Country Club. Yn 1903 waard in 15 m hege daam yn 'e Malibu Creek oanlein, sadat der in lytse opslachmar ûntstie mei in oerflak fan 2,8 ha. Dy waard neitiid oankocht troch filmstudio 20th Century Fox en krige doe de namme Century Lake. Yn 1910 kaam it klubgebou fan 'e Crags Country Club ree, dat de Crags Club Lodge hiet. It hie in oerflak fan 700 m² en telde trije ferdjippings. Datselde jiers waarden om 'e mar hinne kustmammoetbeammen plante, dy't dêr tsjintwurdich noch altyd steane en de súdlikste eksimplaren fan harren soarte yn Kalifornje binne. Ek de Rindgedaam yn 'e Malibu Canyon, dy't yn 1926 boud waard, leit binnen de grinzen fan it park. De Crags Country Club waard yn 1936 opdoekt, wêrnei't de Crags Club Lodge yn ferfal rekke oant it gebou yn 1955 sloopt waard.

It meastepart fan it Steatspark Malibu Creek waard oan 'e Steat Kalifornje skonken troch komyk Bob Hope. Oare dielen fan it park, dy't letter tafoege waarden, wiene earder eigendom fan 'e filmstudio's 20th Century Fox en Paramount Pictures. In diel fan 'e filmranch fan 20th Century Fox wie yn 1966 troch de studio oankocht fan akteur en politikus Ronald Reagan. Mei de ferkeap fan syn Yearling Row Ranch (net te betiizjen mei in oare ranch mei deselde namme dy't Reagan letter yn Northridge hie) betelle Reagan de skulden ôf dy't er makke hie foar syn kampanje foar de Kalifornyske gûverneursferkiezings. It Steatspark Malibu Creek waard yn 1974 oprjochte en gie twa jier letter, yn 1976, iepen foar it publyk.

Yn 2009 waard foar it lêst in diel oan it park tafoege, te witten: de King Gillette Ranch, dy't yn 'e 1920-er jierren ûntwurpen wie troch arsjitekt fan namme Wallace Neff en dêrnei jierrenlang bewenne waard troch King C. Gillette, de útfiner en fabrikant fan 'e Gillette-skearmeskes. By de Woolseybrân, in grutte natoerbrân dy't Súdlik Kalifornje yn 2018 trof, baarnde in oansjenlik diel fan it Steatspark Malibu Creek ôf, wêrûnder de dielen dy't earder de Yearling Row Ranch fan Ronald Reagen en de filmranch fan 20th Century Fox foarme hiene.

Fox Ranch De Fox Ranch wie de filmranch fan filmstudio 20th Century Fox, in ôfhandich backlot dêr't fan 'e 1930-er jierren oant yn 'e 1990-er jierren de opnamen fan gâns films en tillefyzjesearjes plakfûnen. Foarbylden fan films dy't der opnommen waarden, binne û.o.: 1936 – Tarzan Escapes 1938 – Tarzan's Revenge 1939 – Tarzan Finds a Son! 1943 – My Friend Flicka 1952 – Viva Zapata! 1967 – Doctor Dolittle 1968 – Planet of the Apes 1969 – Butch Cassidy and the Sundance Kid1970 – Beneath the Planet of the Apes 1970 – M*A*S*H 1970 – Tora! Tora! Tora! 1972 – The Poseidon Adventure 1973 – Battle for the Planet of the Apes 1974 – The Towering Inferno 1976 – Logan's Run 1987 – Masters of the Universe Op 'e Fox Ranch waarden ek ferskate tige bekende tillefyzjesearjes filme, wêrûnder M*A*S*H, in komeedzjesearje oer de Koreaanske Oarloch, en de folle serieuzere oarlochssearje Tour of Duty, oer de Fjetnamoarloch.

Aktiviteiten Rekreaasjemooglikheden yn it Steatspark Malibu Creek omfetsje kuierjen, mountainbiking, hynsteriden, rotsklimmen, angelfiskjen, fûgeljen en picknicken. It California Department of Parks and Recreation, dat it behear oer it park hat, biedt ek rûnliedings ûnder begelieding fan in boskwachter oan. It Backbone Trail, in lange-ôfstânspaad foar kuierders, fytsers en ruters, dat de berchrêch fan it Santa Monicaberchtme folget, rint troch it Steatspark Malibu Creek, en datselde jildt foar it Coastal Slope Trail, tichter by de kust lâns.

Keppelings om utens Offisjele webside fan it Steatspark Malibu Creek

Kategory:Steatspark yn Kalifornje Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1974