De Madagaskartoarteldo (Nesoenas picturatus) is in fûgelsoarte yn 'e famylje dowen (Columbidae). De fûgel waard yn 1813 troch Coenraad Jacob Temminck beskreaun.

Skaaimerken thumb|left|Nesoenas picturatus. It doke wurdt likernôch 28 sm lang en is wat lytser as in Turkske toartel. It is in toarteldo mei in blaugrize kop en nekke. De boppedielen binne pearsbrún en op 'e skouder earder readbrún. De búk is ljochtbrún en de ûndersturtdekfearren binne wyt. It each is readbrún mei in reade ring. De snaffel is blaugriis en pears oan 'e basis. De poatsjes binne readeftich.

Fersprieding De soarte komt yn en om Madagaskar foar en wurdt yn fiif ûndersoarten ferdield. Ien dêrfan is útstoarn.

† Nesoenas picturatu aldabranus: de Amiranten (útstoarn nei de yntroduksje fan en de hybridisaasje mei N. p. picturata). Nesoenas picturatu comorensis: de Komoaren. Nesoenas picturatu coppingeri: Aldabra en de Glorieuzen Nesoenas picturatu picturatus: Madagaskar. Nesoenas picturatu rostratus: Seysjellen.

It biotoop fan 'e fûgel bestiet út bosk, degradearre bosk, agrarysk gebiet en de bebouwing fan minsken. Yn Madagaskar libbet de do op leechlân fan seenivo oant maksimaal 200 m hichte.

Taksonomy Madagaskartoarteldowen waarden earder yn 'e toarteldowen (Streptopelia) set. DNA-stúdzjes ha oantoand dat de fûgel nauwer besibbe is oan 'e rôze do (Nesoenas mayeri) en beide steane tichterby de hôfdowen (Columba) as de soarten yn Streptopelia.

Status De fûgel is in algemien soarte en wurdt faak fleanend by paden of oan diken sjoen. It is net bekend hoe grut de wrâldpopulaasje is. Op Madagaskar is de soarte stabyl. De populaasjes fan 'e lytse eilannen binne kwetsber. De ûndersoarte op 'e Amiranten is útstoarn en ferfongen troch de nominaat. De soarte stiet as net bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Readsturtdo Kategory:Lânseigen fauna yn it Britsk Territoarium yn de Yndyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Komoaren Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Lânseigen fauna yn Majot Kategory:Lânseigen fauna yn Mauritsius Kategory:Lânseigen fauna yn Reünion Kategory:Lânseigen fauna yn de Seysjellen