De Lambertustsjerke is in tsjerkegebou oan 'e râne yn 'e provinsje Noard-Brabân. De tsjerke stiet benoarden de A59, wylst it doarp súdlik leit.

Skiednis Tradisjoneel hie de biskop fan Luik de patronaatsrjochten fan 'e Lambertustsjerke en it wie ien fan 'e meast foarútstribjende besittings fan dat bisdom. De kar fan 'e patroanhillige Lambertus wiist ek op de bân mei Luik. De tsjerke wie ien fan 'e meast noardlike tsjerken fan it doe útwrydske bisdom. Der moat om 1150 hinne al in tsjerke yn Raamsdonk west hawwe, mar útsein de foet fan it natuerstiennen doopfont binne dêr gjin resten fan fûn. Om 1275 hinne waard op itselde plak in sealtsjerke fan 100 by 25 m boud, wêrfan't muorreresten fûn binne. Ynearsten hie dy tsjerke gjin toer, mar om 1350 hinne waard ek in toer boud. Mei de Sint-Elisabethfloed fan 1421 waard de tsjerke ferneatige, mar de toer bleau stean. Om't it doarp doe in pear hûndert meter nei it suden ferhûze, kaam de tsjerke no bûten it doarp te lizzen. Healwei de 15e iuw waarden in nij koer en in dwersskip boud. Yn 1502 waard it skip fernijd en krige de tsjerke syn hjoeddeiske oansjen.

Yn 1610 waard by de ynfiering fan 'e reformaasje de tsjerke protestantsk. It gebou tsjinne ek wrâldske doelen: in bout yn 'e tsjerkemuorre joech oan hoe heech de diken lein wurde moasten. Yn 1716 baarnde by swier waar de toer oant it mitselwurk ôf. Yn 1717 wie de werbou hast klear, mar in stoarm en oerstreaming brocht wer skea oan 'e tsjerke en de spits en it tek waaiden der ôf. Yn 1778 wie der wer brân en yn 1878 baarnde de tsjerke by bliksemynslach folslein út. Allinnich de muorren bleaune stean. Ynearsten wie it doel om de tsjerke ôf te brekken en te ferfangen troch nijbou, mar der waard keazen foar in restauraasje.

Yn 1798 woene de katoliken harren tsjerke werom. De tsjerke bleau lykwols protestantsk, mar se moasten de katoliken wol in skeafergoeding betelje.

By in restauraasje fan 'e toer yn 1930 waard in letter tafoege fyfte lidding ôfbrutsen en it hjoeddeiske piramidetek set. Oare restauraasjes fûnen yn 1955 en 2004 plak. By de lêste restauraasje is in soad weromfûn fan nei de Byldestoarm, dat ûnder de flier ferstoppe wie. De oan 'e tsjerke boude stâlen binne yn 1953 ferwidere en yn 1955 binne de 19e-iuwske topgevels fan it dwersskip feroare. Mei de oanlis fan 'e A59 kaam de tsjerke hielendal los fan it doarp te stean.

Beskriuwing thumb|left|Ynterieur. De iergoatyske, fjouwerlidde toer datearret út 1350 en hat spitsbôgige bline nissen en in bôgefries. Oan 'e toer is in fjouwerkant treptuorke tafoege. It koer en it dwersskip datearje út 1450 en de trijeskippige tsjerke út 1502.

It grutte oantal brannen feroarsaken in soad feroaringen oan it gebou en it ferlies fan it ynterieur. Dochs is der noch in 18e-iuwske lessener en doopfonthâlder bewarre bleaun.

Oargel Der ha trije ferskillende oargels yn 'e tsjerke stien. Yn 1743 waard in oargel oankocht fan Matthias Amoor, dy't yn 1850 ferkocht waard oan 'e tsjerke fan Aartswoud en dêrnei nei Ruinerwold ferhûze, dêr't it oargel noch jimmeroan stiet. Yn 1851 waard in nij oargel troch C.F.A. Naber en Soannen út Dimter boud. It moat in bysûnder moai en grut oargel west hawwe mei 27 registers en in frij pedaal. De brân fan 1878 ferneatige dat oargel en dêrnei waard it oargel fan Van Dam út Ljouwert boud, dat hjoed-de-dei noch yn 'e tsjerke stiet. It restaurearre oargel hat 10 registers en in oanhongen pedaal.

Gebrûk De tsjerke is sûnt ± 2010 net mear as tsjerke yn gebrûk en oerdroegen oan 'e Stifting Lambertustsjerke Raamsdonk. Der wurde wol spesjale tsjinsten holden.

Keppeling om utens Orgelsite: disposysje oargel.

Kategory:Raamsdonk Kategory:Tsjerkegebou yn Noard-Brabân Kategory:Protestantsk tsjerkegebou Kategory:Bouwurk út de 14e iuw