thumb|Lana Del Rey (2024) thumb|Lana Del Rey (2019) Lana Del Dey, bertenamme Elizabeth Woolridge Grant (21 juny 1985, New York), is in Amerikaansk sjongster en lietsjeskriuwer. Sy is ien fan 'e bêstferkeapjende artysten en ien fan 'e meast ynfloedrike artysten fan har generaasje. William Earl: Jack Harlow, Olivia Rodrigo, Lil Nas X, Lana Del Rey and More to Be Honored at Variety’s Hitmakers Event. Yn: Variety. 19 novimber 2021
De muzyk fan Lana Del Rey is basearre op in mjuks fan Indiepop en Alternative, wêryn't se oare stilen ferwurke. What Genre Is Lana Del Rey? Har muzyk wurdt faak 'Hollywood Sadcore' neamd, om't se yn har teksten tema's as leafde, iensumens en de Amerikaanske dream besjongt. Har styl ferwiist nei Americana út de jierren 1950 en 1960.
Del Rey begûn har karriêre yn 2007 ûnder de namme Lizzy Grant en brocht har earste album Lana Del Ray a.k.a. Lizzy Grant út yn 2010. Har ynternasjonale trochbraak kaam mei it nûmer Video Games (2011) en har twadde studioalbum Born to Die, dat ien fan de bêst ferkochte albums fan 2012 wie. Sûnt dy tiid hat se noch sân albums útbrocht, dy't ek allegear topposysjes yn de hitlisten berikt hawwe.
Diskografy Lana Del Ray (2010) Video Games (2011) Born to Die (2012) Ultraviolence (2014) Honeymoon (2015) Lust for Life (2017) Norman Fucking Rockwell! (2019) Chemtrails over the Country Club (2021) Blue Banisters (2021) Did You Know That There's a Tunnel Under Ocean Blvd (2023) Stove (2026)
Keppelingen om utens lanadelrey.com IMDb-profyl Profyl by musicbrainz.org
Kategory:Amerikaansk sjonger Kategory:Amerikaansk popartyst Kategory:Amerikaansk muzikant Kategory:Amerikaansk muzykprodusint Kategory:Amerikaansk fideoklipregisseur Kategory:Amerikaansk feminist Kategory:Grammy-winner Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Skotsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1985