Someren is in gemeente yn 'e provinsje Noard-Brabân. Someren hat () ynwenners en in oerflak fan 81,50 km² (wêrfan 1,40 km² wetter). De gemeente Someren makket diel út fan 'e Metropoalregio Eindhoven.
Oan 'e eastkant wurdt Someren sûnt de lêste grinskorreksje mei Asten begrinzge troch de Zuid-Willemsvaart. By dat kanaal lâns rint de provinsjale dyk N266 (Someren-Nederweert). Someren hat in ferbining mei sawol Belgje as Dútslân oer de A67 by Lierop.
Skiednis De gemeente Someren ûntstie op 1 maaie 1935 troch de gearfoeging fan 'e doarpen Someren en Lierop.
Doarpen De gemeente Someren bestiet út twa doarpen: Lierop en Someren. Someren hat fierwei de measte ynwenners, mar de gemeente bestiet út fjouwer sintra: it plak Someren sels en de trije plakken mei in tsjerke: Someren-Eind, Someren-Heide en Lierop. It plak Someren is te ferdielen yn 'e wiken: Someren-Noord, De Loove, Waterdael en Groote Hoeven.
Kategory:Gemeente yn Noard-Brabân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1935