Dongen is in gemeente yn 'e provinsje Noard-Brabân. De gemeente hat () ynwenners en in oerflak fan 29,74 km² (wêrfan 0,51 km² wetter). De gemeente leit tusken de stêden Oosterhout, Tilburch en Breda.
Dongen is in middelgrutte gemeente yn Midden-Brabân. Troch it suden fan 'e gemeente rint de rivier de Donge.
De hjoeddeiske gemeente ûntstie op 1 jannewaris 1997 troch in fúzje fan 'e eardere gemeenten Dongen en 's Gravenmoer .
Gemeentlike yndieling It grutste plak is Dongen. Fierder bestiet de gemeente út de kearnen 's-Gravenmoer, Dongense Vaart, 's-Gravenmoerse Vaart en Klein-Dongen.
Ferfier Eastlik fan 'e gemeente rint de A27. Om't Tilburch him fierder nei it noardwesten ûntwikkele giet in soad ferkear fan Tilburch oer Dongen rjochting de A27 by Oosterhout. Dat hie fan gefolgen dat de N629 (Oosterhout-Dongen) en N632 (Dongen-Tilburch) opwurdearre waarden ta in regionale haadrûte. It Wilhelminakanaal ferbynt Dongen mei Tilburch en Oosterhout oer it wetter.
Toerisme De âlde tsjerke yn Dongen is in ruïnetsjerke. De Keninginne Wilhelminamûne is in nôtmûne út 1893.
De Izertiidpleats yn Dongen ynformearret benammen bern oer it libben yn 'e izertiid.
Museum De Looierij is in wichtich museum dat oer de skiednis fan de learindustry yn 'e regio ferhellet. It museum is ûnderbrocht yn in âlde learloaierij út 1889.
De gemeente leit op fytsôfstân fan 'e Efteling, de Loonse en Drunenduinen en Safaripark Beekse Bergen.
Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1997 Kategory:Gemeente yn Noard-Brabân