Drimmelen is in gemeente yn 'e provinsje Noard-Brabân. De gemeente grinzget yn it noardeasten oan 'e gemeente Altena en leit tichteby Geertruidenberg en de rivier de Amer. Grutte stêden yn 'e omkriten binne Oosterhout en Breda.
De gemeente hat () ynwenners op in oerflak fan 119,20 km², wêrfan 22,60 km² wetter.
Skiednis De gemeente Drimmelen ûntstie yn 1997 troch de gearfoeging fan 'e gemeenten Made en Drimmelen, Terheijden en Hooge en Lage Zwaluwe. Yn it earstoan hjitte de gemeente Made, mar yn 1998 krige de gemeente de namme Drimmelen. It gemeentehûs stiet noch jimmeroan yn Made.
Doarpen en buorskippen De gemeente bestiet út de folgjende doarpen:
Made Drimmelen Terheijden Wagenberg Lage Zwaluwe Hooge Zwaluwe
Fierder binne der de buorskippen: Blauwe Sluis, Helkant, Oud-Drimmelen, Binnen Moerdijk, Gaete, Steelhoven, Plukmade en Stuivezand.
Natoer De Biisbosk is ien fan 'e grutste natoergebieten yn Nederlân. It is in unyk swietwettertijgebiet mei in netwurk fan kreken, reidfjilden en eilantsjes. It gebiet is tige geskikt foar kuierjen, farren, kanoën en om fûgels te spotten. Fanút Drimmelen kin de Biisbosk mei in rûnfeart of selsstannich mei in kano of boat besocht wurde.
De Worp is in 13 hektare grut natoergebiet westlik fan Drimmelen, dat diel útmakket fan it gruttere lângoed De Koekoek (100 hektare). It gebiet bestiet út bosk en iepen polderlânskip mei karakteristike eleminten lykas âlde dykjes, terpen, houtwâlen en turfgatten. It is eigendom fan Steatsboskbehear.
Museum Op it Biesbosch Museumeiland komme minsken yn 'e kunde mei it swietwettertijgebiet nei de Sint-Elisabethsfloed fan 1421.
Kategory:Gemeente yn Noard-Brabân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1997