De Dye Sprancke is in nôtmûne oan 'e Oudestraat yn Sprang-Capelle yn 'e provinsje Noard-Brabân.

Skiednis It is in sletten standermûne dy't oarspronklik yn 1747 op in oar plak by Sprang boud waard. Healwei de 19e iuw ferhûze de mûne nei it hjoeddeiske plak. De mûne waard sûnder wjukken en trep yn syn hiele hear en fear troch hynders en rôljend oer beammen nei it nije plak brocht.

Op 4 april 1855 baarnde de mûne fan Sprang ôf en waard de hjoeddeiske mûne út Vrijhoeve-Capelle as ferfanging oankocht. De boppeas fan 'e mûne dy't by de rekonstruksje brûkt waard is makke troch de Nederlânske Stoomboat Maatskippij (NSbM) Fyenoord.

Yn 1958 waard de mûne eigendom fan 'e doetiidske gemeente Sprang-Capelle. De mûne is sûnt dy tiid ferskate kearen restaurearre en is no mealree. Nôt wurdt op frijwillige basis mealle foar konsumpsjemoal.

Hjoed-de-dei stiet de mûne yn 'e bebouwing fan it doarp.Brabânsk Deiblêd: Huizen rukken razendsnel op, en de historische molen zucht en steunt: ‘Je moet oppassen dat die niet op hol slaat, 24 maaie 2024.

Beskriuwing De mûne hat in flecht fan 26 meter en op 'e kape hat de mûne in hynderke as wynwizer. Tusken 1942 oant nei alle gedachten 1969 hie de mûne op beide roeden it systeem Van Bussel. Hjoed-de-dei binne de roede Aldhollânsk ophekt.

De mûne is eigendom fan 'e gemeente Waalwyk en hat de status fan ryksmonumint. Op sneonen kin de mûne besocht wurde fan 13.00 oere oant 17.00 oere en fierder ek as de mûne draait.

Namme De namme fan 'e mûne waard nei de restauraasje fan 1981 jûn en ferwiist nei in wetterke dy't eartiids by de mûne streamde. De namme hat neat mei de mûne sels te meitsjen. Foarhinne hie de mûne gjin namme en de minsken neamden de mûne gewoan de meule.

Kategory:Bouwurk yn Waalwijk Kategory:Mole yn Noard-Brabân Kategory:Bouwurk út 1858 Kategory:Nôtmole Kategory:Standermole