Heeze-Leende (Brabânsk: Héésj-Lint) is in gemeente yn 'e provinsje Noard-Brabân. De gemeente ûntstie op 1 jannewaris 1997 troch in fúzje fan 'e eardere gemeenten Heeze en Leende en it doarp Sterksel, dat by de gemeente Maarheeze hearde. De gemeente hat () ynwenners op in oerflak fan 105,12 km² (wêrfan 0,83 km² wetter). De gemeente Heeze-Leende is ûnderdiel fan 'e Metropoalregio Eindhoven.
Plakken De gemeente bestiet út fjouwer plakken:
Offisjele namme Brabânske namme Namme yn karnavalstiid Heeze Héésj Kraaienland Leende Lind Blaosdonk Sterksel Sterksel Osserijk
Buorskippen Bruggerhuizen, Euvelwegen, Heezerenbosch, Kerkhof, Kreijl, Leenderstrijp, Oosterik, Rul, Ginderover, Strabrecht en Ven.
Bûtengebiet thumb|left|Strabrechtse Heide. It plattelânsgebiet fan 'e gemeente bestiet benammen út natoerreservaten lykas de Strabrechtse Heide, de Herbertusbosken, it Leenderbosk en de Groote Heide. De gemeente omfettet ek it doarp Bruggerhuizen oan 'e Tongelreep en it diel fan 'e Achelse Kluis dat yn Nederlân leit. It bestimmingsplan foar it plattelânsgebiet waard yn 2009 oannaam en is dêrmei it earste bestimmingsplan foar it plattelânsgebiet yn 'e provinsje Noard-Brabân, dat ûnder de nije Wet Romtlike Oardering fêststeld is. Heeze-Leende neamt himsels graach de natuerlikste gemeente fan Noard-Brabân.
Kultuer Alle jierren wurdt oan 'e ein fan augustus yn Heeze it kultuerfestival de Brabantsedag organisearre. Dat festival is in in wike mei in soad kulturele aktiviteiten en op 'e lêste snein in histoaryske optocht.
It besjen wurdich It Slot Heeze is in 17e-iuwsk kastiel dat noch jimmeroan yn partikulier besit is. It is yn 'e regel net foar publyk iepensteld, mar der wurde mei bygelyks eveneminten somtiden wol iepen dagen organisearre.
De Sint-Petrus-Bannentsjerke fan Heeze is in neogoatysk tsjerkegebou oan it doarpsplein.
De Sint-Jânstsjerke is in monumintaal tsjerkegebou yn it sintrum fan Leende.
Natoer De Strabrechtse Heide is in natuergebiet fan likernôch 1.500 ha grut yn 'e gemeenten Heeze-Leende, Someren en Geldrop-Mierlo. De heide ûntlient syn namme oan 'e buorskip Strabrecht by Heeze.
Kategory:Gemeente yn Noard-Brabân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1997